Noardwestsemityske talen
Noardwestsemityske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | westlike helte fan 'e Fruchtbere Healmoanne | |
tal talen | ±42 (ynkl. deade talen) | |
tal sprekkers | ±6,5 miljoen (2018) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Semitysk ● Westsemitysk ● Middensemitysk ● Noardwestsemitysk | |
subgroepen | ● Amoritysk † ● Arameeske talen ● ?Eteo-Syprioatysk † ● Kanaänityske talen ● Samalysk † ● Temanitysk † |
De Noardwestsemityske talen binne in taalgroep dy't ta de Semityske talen heart. Dêrbinnen foarmje dizze talen yn 'e mande mei de Arabyske talen de Middensemityske talen, dy't yndield wurde by de Westsemityske talen. De Noardwestsemityske talen falle útinoar yn twa subgroepen, de Arameeske talen en de Kanaänityske talen, mei dêropta ferskate talen dy't binnen de groep isolearre binne, lykas it Amoritysk. De bekendste Noardwestsemityske talen binne it Hebriuwsk, Fenisysk, Arameesk en Syrysk. Alle útstoarne talen meirekkene binne der likernôch 42 Noardwestsemityske talen, dy't hjoed de dei mei-inoar sa'n 61/2 miljoen sprekkers hawwe.
Taalkundige akseptaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De term 'Noardwestsemitysk' waard yn 1908 yntrodusearre troch de Dútske taalkundige Carl Brockelmann. As taalgroep binne de Noardwestsemityske talen tsjintwurdich frij algemien akseptearre. Inkeld de promininte taalkundewebside Ethnologue erkent de jildichheid fan 'e Noardwestsemityske talen net. Ynstee smyt men dêr de Kanaänityske talen op ien bulte mei de Arabyske talen om 'e 'Súdlik Middensemityske' of 'Arabo-Kanaänityske' taalgroep te foarmjen, dy't dan yn 'e mande mei de Arameeske talen yndield is by de Middensemityske talen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardwestsemityske talen binne de lânseigen talen fan 'e Levant. Dy talen ûntjoegen har wierskynlik yn 'e iere Brûnstiid út it Proto-Semitysk. It ierste skriftlike bewiis fan it bestean fan 'e taalgroep wurdt foarme troch eigennammen dy't identifisearre binne as Amoritysk, oerlevere yn teksten út 'e midden fan 'e Brûnstiid, dy't fierder yn it Sûmearysk en it Akkadysk skreaun binne. De ierste koherinte teksten yn in Noardwestsemityske taal binne fan 'e ein fan 'e Brûnstiid ôf oerlevere yn it Oegaritysk, de taal fan it Keninkryk Oegarit en de stêd mei deselde namme. Tsjin 'e tiid fan 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid dûke ek de earste teksten yn it Arameesk op, oan it begjin fan 'e Izertiid folge troch teksten yn it Fenisysk en Hebriuwsk.
Oan it begjin fan it earste milennium waard it Fenisysk troch keaplju en kolonisten út Fenysje troch it hiele Middellânske-Seegebiet ferspraat. De wichtichste Fenisyske koloanje wie Kartago, yn it hjoeddeistige Tuneezje, dat neitiid útwoeks ta in grut ryk yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See. De taal fan it Kartaachske Ryk wie it Punysk, dat him út it Fenisysk ûntjûn hie. It Fenisyske skrift wie fan krúsjaal belang foar de ûntwikkeling fan 'e Westerske kultuer, mei't har dêrút it Grykske alfabet, it Latynske alfabet, en de Arameeske, Syryske en Arabysk-Perzyske skriften ûntwikkelen. Yndirekt gou itselde foar de Germaanske runen en it Syrillyske alfabet.
Yn deselde tiid ferkrong it Aldarameesk oer in perioade fan iuwen it Akkadysk as lingua franca yn it Midden-Easten. Tsjin 'e sechsde iuw f.Kr. hie it Arameesk (yn 'e foarm fan it Klassyk Arameesk) de measte oare Noardwestsemityske talen ferkrongen en ta útstjerren dreaun, dêrby perfoarst holpen troch de deportaasjes fan hiele etnyske groepen yn 'e tiid fan it Assyryske en it Babyloanyske Ryk (lykas de Babyloanyske Ballingskip). It Hebriuwsk wie troch de âlde Israeliten brûkt om harren religieuze teksten yn te skriuwen, mar neitiid waarden dy yn ferskate fariëteiten fan it Arameesk skreaun. It Hebriuwsk stoar nei alle gedachten tusken de twadde en de fjirde iuw (nei Kristus) hielendal út as sprektaal, mar it waard beholden as liturgyske taal fan it joadske leauwe.
Nei't de Fruchtbere Healmoanne yn 'e sânde iuw ferovere wie troch moslims út it Arabysk Skiereilân, dy't it ta in ûnderdiel fan harren Islamityske Ryk makken, begûn it Arabysk dêr it Arameesk stadichoan te ferkringen. Ien Arameeske taalfariant, it Syrysk, bleau beholden as de liturgyske taal fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke. Oare farianten wurde ek hjoed de dei noch sprutsen yn etnyske enklaves dy't ferspraat binne oer Syrje, súdeastlik Turkije, noardlik Irak en noardwestlik Iraan. Fan 'e njoggentjinde iuw ôf waard it Hebriuwsk wer nij libben ynblaasd, en nei de stifting fan 'e Steat Israel, yn 1948, waard it de offisjele taal fan dat lân.
Underferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardwestsemityske talen kinne ûnderferdield wurde yn 'e Arameeske talen en de Kanaänityske talen. It Samalysk en de ûnbekende taal fan 'e Deir Alla-ynskripsje binne identifisearre as talen dy't bûten it eigentlike Arameesk falle, mar dêr wol in protte oerienkomsten mei fertoane. Se kinne dêrom mooglik mei it Arameesk yn in 'Aramoïde taalgroep' pleatst wurde.
It Amoritysk stiet los fan sawol de Arameeske talen as de Kanaänityske talen, en it Oegaritysk wie, sa is it tinken no, wierskynlik in lette foarm fan it Amoritysk. (Der binne lykwols ek noch genôch taalkundigen dy't it Oegaritysk by de Kanaänityske talen yndiele.)
Fierders is it dúdlik dat mei it Temanityske skrift út 'e oäze Teman (yn noardwestlik Saûdy-Araabje) in taalfoarm skreaun waard dy't net Arabysk wie en dy't net nau besibbe wie oan 'e oare oäzetalen Hismaysk en Safaïtysk. It wurdt no ûnder foarbehâld by de Noardwestsemityske talen yndield, dêr't it nei alle gedachten nauwer mei besibbe wie.
It Eteo-Syprioatysk, de oarspronklike lânseigen taal fan Syprus, wie mooglik ek in Noardwestsemityske taal, mar dy yndieling is noch ûnwis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |