(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Oerlis:Aken - Wikipedy Springe nei ynhâld

Oerlis:Aken

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Drewes en Ieneach fan 'e Esk: Taalweb joech my "boarndobben" en "wetterboarne" foar de oersetting fan "waterbron".

1 each syn waarmwetterboarne fyn ik moai. In dobbe is dold, in boarne net. Drewes (oerlis) 23 okt 2021, 19.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Hmm. No ja, as Taalweb it seit... Ik wit net oft jim myn gearfettinkje lêzen hawwe by de edit dy't ik dien haw, dat ik sis it noch mar even: by 'boarndobbe' tink ik net sasear oan in boarne (bron), mar oan it tiidwurd boarne (drenken), dus in dobbe om (ik nim oan fee) út te boarnen. Dat is myn beswier dêrtsjin. Ik freegje my ôf oft dat by Taalweb ek net sa bedoeld is, miskien yn 'e bibelske kontekt: in boarndobbe yn 'e woastyn dêr't de aartsfaars of sa har fee út boarnden. Yn elts gefal tink ik net dat by Aken dat soarte waterbron bedoeld is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 okt 2021, 20.53 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Ik hie jo gearfettinkje wol lêzen, ik woe even oanjaan wêrom't ik "boarndobbe" brûkt hie, om't ik it op taalweb sjoen hie. Ik tink dat jo fierders wol gelyk hawwe, want we moasten de keallen ek altyd even "boarne", dus "boarndobbe" sil wol om in dobbe gean om it fee te boarnen. "(Waarm)wetterboarne" is om mei ek bêst genôch en gaadliker. En tanke foar jo útlis. --Kneppelfreed (oerlis) 23 okt 2021, 22.06 (CEST)[beäntwurdzje]