(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Oostum - Wikipedy Springe nei ynhâld

Oostum

Ut Wikipedy
tsjerkje op de wierde fan Oostum

Oostum is in wierde yn de gemeente Westerkertier yn de Nederlânske provinsje Grinslân.

De buorskip leit oan de dyk fan de stêd Grins nei Garnwerd. De wierde is tusken 1905 en 1913 foar it grutste part ôfgroeven.

Op de wierde stiet miskyn wol it meast ôfbylde romaanse tsjerkje fan Grinslân: it tsjerkje fan Oostum.

Yn de omjouwing fan de wierde lei eartiids in boarch. Der is net folle oer bekend. Yn 1552 is it stienhûs troch de Geldersken yn 'e brân stutsen en yn 1627 is de dan al ferfallen boarch ferkocht. Nei alle gedachten binne de restanten net lang dêrnei sloopt. Op de troch Hindrik Warner Folckers makke Atlas fan Stedslannen fan Grins (1724-1729) stiet de pleats dy't it oerbliuwsel wie fan de ferfallen boarch oanjûn.

Oostum leit oan it Piterpaad.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]