Oxford
| |||
Lân | Grut-Brittanje | ||
Provinsje: | Oxfordshire | ||
Dielsteat: | Ingelân | ||
Gebiet: | Súdeast-Ingelân | ||
Ynwennertal | 148.800 (2005)Boarne: Volkstelling 2001, National Statistics | ||
Oerflak: | 45,6 km² | ||
Tiidsône: | UTC +0 | ||
Webside: | Oxford City Council offisjeel webstee |
Oxford is in stêd, en de haadstêd fan it greefskip Oxfordshire, yn de rgio Súdeast-Ingelân. De stêd is ferneamd wurden troch syn midsiuwske universiteit. Der wenje sa'n 165,000 minsken, dêrfan 151,000 binnen de distriksgrinzen. De rivieren Cherwell en Teems rinne troch Oxford en komme justjes besuden it sintrum byinoar. De Teems yn Oxford hjit 'De Isis', oer in lingte fan sa'n 10 km. Oxford is fanâlds in stêd mei in soad yndustry, benammen de foarstêd Cowley hat in grutte autoyndustry..
Oxford wurdt wol de "stêd fan de dreamerige spitsen" (City of the dreaming spires) neamd, om de harmoanyske arsjitektuer fan de universiteitsgebouwen mei harren tuorkes; de term is munte troch Matthew Arnold.
De namme Oxford betsjut itselde as Coevorden, Ochsenfurt en Bosporus: in furde ("ford") yn in rivier dêr't boeren harren kij, oksen ("oxen"), oerstekke litte koenen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oxford is ûntstien yn de tiid fan de Angelsaksen, en wie yn 't earstoan bekend as Oxanforda. It begûn mei de stifting fan it Sint Frideswide's nonnekleaster yn de 8e iuw. Oxford waard foar it earst neamd yn Angelsaksyske kroniken fan it jier 912. De Universiteit fan Oxford, is de âldste universiteit fan Ingelân en de ingelsksprekkende wrâld.[1] en wurdt al yn de 12e iuw neamd. De earste kolleezjes fan Oxford wienen University College (1249), Balliol (1263), en Merton (1264).
De ferhâlding tusken town and gown (stêd en toga) wie net altyd like maklik en late yn 1355 ta fjochterij dêr't ferskate studinten by dea rekken (de Saint Scholastica Day Riot).
Hoewol't der yn Oxford yn de Ingelske boargerkriich (17e iuw) in protte stipe wie foar de oanhingers fan it parlemint, waard de stêd yn 1642 it haadkertier fan kening Karel I fan Ingelân en syn hof, nei't de kening út Londen ferdreaun wie. Yn 1646 joech de stêd har lykwols oer oan de troepen fan de saneamde Parliamentarians, laat fan generaal Thomas Fairfax.
Yn de iere 20e iuw waakste de yndustry en de befolking hurd oan yn Oxford. Drukkerijen en útjouwerijen dienen it tige bêst yn de tweintiger jierren. Ek makke doe de autoproduksje troch de Morris Motor Company yn Cowley opgong, dat in protte wurk opsmiet, dêr't foaral jongkeardels út Wales op ôf kamen. Wales hie doe krekt te lijen fan in tekoart oan iten troch in rige fan tsjinjierren yn de lânbou. De plakken Headington en Risinghurst waarden yn 1929 anneksearre troch de gemeente Oxford.
It Oxford Ingelsk Wurdboek wurdt útjûn troch de Oxford Universiteits Parse.
Literatuer en Oxford
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Colin Dexter skreau de 'Ynspekteur Morse' detectiveferhalen yn Oxford, en liet se dêr ek spylje.
Oare ferneamde skriuwers út Oxford:
- C.S. Lewis (fellow of Magdalen College)
- Philip Pullman
- J.R.R. Tolkien (heechlearaar yn Oxford)
- Dorothy L. Sayers, berne yn Oxford, se studearre oan Somerville College
Ferneamde persoanen berne yn Oxford
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stephen Hawking (1942), natuerkundige en kosmolooch
- Tim Henman (1974), tennisser
- Hugh Laurie (1959), akteur
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|