(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Pûntsjebûter - Wikipedy Springe nei ynhâld

Pûntsjebûter

Ut Wikipedy

Pûntsjebûter binne stikken bûter sa't dy benammen troch lytsere boeren yn De Wâlden en de Bouhoeke levere waarden omdat se gjin bûterfet fol krije koenen.

Pûntsjebûter wie net allinnich foar de ferkeap mar ek ruilmiddel foar winkelguod. De winkelman levere se dan wer troch nei oare klanten. Kwea die de pûntsjebûter yn hannen fan opkeapers dy't de bûter út Grinslân, Drinte en De Wâlden sammelen, se oertsjernen en oerpakten yn Fryske fetten foar de eksport. Sok "ferbetterjen" fan de pûntsjebûter barde yn de 19e iuw benammen oan de Frysk-Grinslânske grins. De bûterhannel hat der minder skea troch oprûn as wolris miend wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Stukboter.