Pentagram
It pentagram is in fiifpuntige stjer en ien fan de âldste symboalen fan de wrâld. It symboal wurdt op in soad plakken brûkt, ûnder oare yn logo's fan militêre organisaasjes, op skûtsjes[1], op nasjonale flaggen mar ek by in soad religieuze en sekuliere libbensskôgings.[2] As wiskundich figuer hat it pentagram inkele bysûndere eigenskippen wêrtroch't men yn de rin fan de iuwen der ek bysûndere of mystike betsjuttings oan jûn hat.
In pentakel is in pentagram mei in sirkel der omhinne. [3]
Wiskundich figuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It pentagram kin sjoen wurde as in regelmjittige stjermearhoeke, mei 5 siden en 5 hoekpunten mei hoeken fan 36°. De 5 snijpunten wurde net ta de hoekpunten rekkene. By in omgong tsjin de klok yn giet men stees 144° nei links, dit is yn totaal twa kear yn de rûnte.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Flagge fan Haaksbergen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|