(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Pieter Brueghel de Alde - Wikipedy Springe nei ynhâld

Pieter Brueghel de Alde

Ut Wikipedy
Selsportret fan Pieter Brueghel de Alde

Pieter Brueghel de Alde(re) (Breda of Bree (ûnwis), ± 1520Brussel, 9 septimber 1569) wie in Flaamske keunstskilder. Hy wie de heit fan Pieter Brueghel de Jonge en fan Jan Brueghel de Alde. Njonken Bree yn Belgysk-Limburch (eartiids Brede, Brida, Breda neamd) as berteplak, tinkt men ek wol dat syn widze yn Breda stean kind hat.

Bruegel waard yn 1546 opnaam yn itin het Antwerpske skildersgilde, en waard learling fan Pieter Coecke fan Aelst. Bruegel makke yn 1551 of 1552 in reis nei Itaalje, dêr't er meast lânskippen skildere.

Oant 1559 maake er foaral gravueres en printen (ûntwerpen foar wandtapiten). Yn 1559 smyt er it roer om en skildert er allinne noch. It iene nei it oare masterwurk socht dan it ljocht.

Om 1563 hinne ferhuzet Bruegel fan Antwerpen nei Brussel, dêr't er boasket oan de dochter fan Coecke huwde, Mayken. Yn syn Brusselske tiid brûkte Breughel it lânskip fan it ticht by lizzende Pajottenlân, sa as it tsjerkje fan Sint-Anna-Pede (dat no heart ta Dilbeek) as eftergrûn foar de "Parabel fan de binen".

Alle bekende skilderijen fan Pieter Bruegel de Alde:

De Fal fan Ikarus1558)
Pieter Brueghel de Alde, bernespullen, oaljeferve op paneel, 118x161 cm, 1560.
De Algemist
Triomf fan de Dea
Pieter Bruegel de Alde, De toer fan Babel, Oaljeferve op iken paneel, 114 x 155 cm; Keunsthistoarysk Museum, Wenen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]