(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Privolnoje - Wikipedy Springe nei ynhâld

Privolnoje

Ut Wikipedy
Privolnoje

Приво́льное

Bestjoer
Lân Ruslân
kraj Stavropol
Sifers
Ynwennertal 3400 (2015)
Hichte 50 m
Oar
Stifting 1848
Tiidsône UTC+3 MSK
Koördinaten 45° 55' N 41° 18' E
Offisjele webside
adm-privolnoe.ru

Privolnoje (Russysk: Приво́льное) is in doarp yn it rajon Krasnogvardejski-rajon fan de kraj Stavropol yn Ruslân. It doarpke leit oan de rivier de Jegorlyk.

Privolnoje is it bertedoarp fan Michaïl Gorbatsjov. Hy waard berne yn de tiid fan de grutte hongersneed fan 1932-1933 en skreau dêr oer: 'Yn dat ferskriklike jier (1933) ferstoar hast de helte fan de befolking fan myn bertedoarp. Under de slachtoffers wiene ek twa susters en in broer fan ús heit'.

Tusken augustus 1942 en jannewaris 1943 wie it doarpke beset troch de Dútske Wehrmacht.

15 kilometer fan Privolnoje leit Krasnogvardeiskoje, it bestjoerlike sintrum fan it rajon, dêr't Michaïl Gorbatjov op de middelbere skoalle gyng. In plakette dêr betinkt de eardere president fan de Russyske Federaasje.