Sad but True
Sad but True | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Harvester of Sorrow (live), | |
artyst | Metallica | |
album | Metallica (The Black Album) | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 8 febrewaris 1993 | |
opnommen | 1991 | |
doer | 5:24 | |
label | Elektra | |
skriuwer | James Hetfield, Lars Ulrich | |
produsint | James Hetfield, Bob Rock, Lars Ulrich | |
fideoclip | ||
Metallica: Sad but True (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | top 40 - 17, Single Top 100 - 10, Ultratop 50 - 50 | |
sertifisearre | Austraalje platinum |
Sad but True is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1991 en útbrocht waard op it album Metallica, better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. Sad but True wie it twadde nûmer op it album en waard op 8 febrewaris 1993 útbrocht as fiifde en lêste single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]James Hetfield liet him ynspirearje foar it nûmer út de horrorfilm Magic út 1978. It liet giet oer hoe 't ferskate persoanlikheden yn immens psyche de pasjint ferskillende dingen dwaan litte. It ûndersiket ek hoe 't dizze dingen konfliktearje en wrakselje om kontrôle oer de persoan te krijen. De muzyk hâldt seis tellen foar de gitaarsolo op en by it refrein spilet Hetfield ek in slidegitaar, in spyltechnyk dy 't foaral in soad yn bluesmuzyk tapast wurdt.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Jason Newsted - Bas
- Lars Ulrich – Drums