(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Provinsjale wei 356 - Wikipedy Springe nei ynhâld

Provinsjale wei 356

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sintrale As)
N356
Langte: 34,8 km
Kaart
Wurk oan de Sintrale As by Nyegea

De provinsjale wei 356 of N356 , tusken Dokkum en Nyegea de Sintrale As neamd, is in provinsjale wei út 1953 fan 34,8 km lingte yn de provinsje Fryslân tusken Holwert (fearboat nei It Amelân) en Nyegea. De meast wichtige plakken oan de dyk binne: Holwert, Brantgum, Dokkum, Damwâld, De Westereen, Feanwâlden, Noardburgum, Burgum, Sumar en Nyegea.

De N356 kaam in soad yn it nijs fanwegen de plannen foar 'De Sintrale As', in nije dûbelbaanswei fan Nyegea nei Dokkum. De nije dyk rint, oars as de N356 dy't dwers troch de doarpen Damwâld, De Falom Feanwâlden, Burgum rûn en by Sumar del, om de doarpen hinne rinne en sa de leefberens dêrfan ferbetterje moatte en tagelyk de berikberens fan Noardeast-Fryslân grutter meitsje moatte. De nije dyk rint fan Dokkum yn it noarden oant de Wâldwei yn it suden. De nije rûnwegen fan Hurdegaryp en Garyp slute op de nije dyk oan. De nije dyk waard op 7 oktober 2016 yn gebrûk naam.

De dyk waard op in hast folslein nij trasee oanlein sûnder de besteande diken te ferbreedzjen. De dyk is foar it grutste part dûbelbaanske autowei (2×2) dêr't in maksimumfaasje fan 100 km/o jildt.By it ûntwerp waard besocht rekken te hâlden mei de lânskiplike wearde fan it gea, om de dyk hjir en dêr justjes djipper oan te lizzen, it oanlizzen fan houtwâlen by de dyk del en it oanlizzen fan faunapassaazjes.

Yn Dokkum begjint it trasee mei in rotonde oan de noardeastkant fan de stêd sadat de dyk oanslút op de Lauwerseewei. De Stroobossertrekwei en Strobosser Trekfeart leit in fiadukt oerhinne. De rûnwei fan Dokkum slút mei in saneamde turborotonde oan. Tusken Damwâld en De Falom is in oprit nei de nije dyk; pleatslike diken yn dy omkriten kruse de dyk mei tunnels. De Falomster Feart, part fan de ekologyske haadstruktuer, wurdt passearre mei in fiadukt fan sa'n 150 meter langte. Tusken Feanwâlden en De Westereen leit in heal klaverblêd. Dat part fan it trasee waard oktober 2015 iepene foar it ferkear.

De dyk wurdt mei in tunnel ûnder it spoar fan Ljouwert nei Grins hinne laat. It trasee bûget dêrnei ôf nei it westen en rint besuden Feanwâlden. Der binne fiadukten yn de pleatslike diken oanlein. Nei it fiadukt yn de Wâldwei (Feanwâlden) bûget de dyk wer nei it suden. Dêr is in ovonde op ûngelikese hichte boud dêr't wichtige diken mei op de Sintrale As oansluten binne. Oan de iene kant waard der in ferbiningsdyk oanlein nei it krúspunt by Quatrebras, en oan oare kant dêr de oansluting op de rûnwei fan Hurdegaryp. Dy rûnwei waard noardlik fan Hurdegaryp oanlein mei in tunnel ûnder it spoar Ljouwert-Grins, dêr't de dyk nei op de besteande N355, nei Ljouwert ta, oansletten is mei in turborotonde. De Sintrale As sels rint fierder nei it suden dêr't de Ryksstrjitwei mei in fiadukt krúst wurdt. Dêrnei rint de dyk westlik om Burgum hinne en mei in akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal troch.

By Sumar is in heal klaverblêd dy't Burgum, Sumar en Garyp ferbynt. Fan dat punt ôf liedt in dûbelbaanske (2x2) rûnwei noardlik by Garyp del nei it westen rjochting fan Ljouwert om oer in rotonde oan te sluten op de Wâldwei (N31). De haadtakke fan de Sintrale As rint fan it heale klaverblêd ôf oer it âlde trasee fierder troch nei it suden, dêr't ferskate krusende diken mei tunnels ûnder de dyk rinne. By it fiadukt Nyegeasterhoeke rint de súdlike oansluting oer in hûnebonkerotonde.


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje