(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Stasjon Skiedam Sintrum - Wikipedy Springe nei ynhâld

Stasjon Skiedam Sintrum

Ut Wikipedy
Stasjon Skiedam Sintrum
Station Schiedam Centrum
Stasjon Skiedam Sintrum yn 2016
Stasjon Skiedam Sintrum yn 2016
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skiedam
plak Skiedam
adres Stationsplein 31
arsjitektuer
stasjonskoade Sdm
type Trochgongsstasjon
iepening 3 juny 1847
boujier 1846 1e stasjonsgebou
1888 2e stasjonsgebou
1963 3e stasjonsgebou
2000 4e stasjonsgebou
sloopjier 1888 1e stasjonsgebou
1963 2e stasjonsgebou
1998 3e stasjonsgebou
arsjitekt 1846
Unbekende arsjitekt
1e stasjonsgebou
1888
D.A.N. Margadant
2e stasjonsgebou
1963
K. van der Gaast
3e stasjonsgebou
2014
J. van Belkum
4e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 4
spoarline Alde line
metroline  A   B   C 
tramline  21   24 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Skiedam Sintrum (Skiedam)
Stasjon Skiedam Sintrum

Stasjon Skiedam Sintrum (Sdm) is it haadstasjon fan de Nederlânske stêd Skiedam, en waard iepene yn 1847 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). It leit benoarden de binnenstêd. Yn dizze Súdhollânske stêd is yn 2000 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1846 iepene.

2e stasjonsgebou stasjon Skiedam-Sintrum yn 1939
3e stasjonsgebou stasjon Skiedam-Sintrum yn 1963

It oarspronklike stasjonsgebou fan Stasjon Skiedam-Sintrum wie in leech en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It gebou waard yn 1888 sloopt.

It gebou waard ferfongen troch in stasjonsgebou nei ûntwerp fan arsjitekt Margadant, in asymmetrysk gebou fan trije ferdjippingen heech. Troch de lizzing oan in dearinnende dyk kaam de foargevel heaks op de spoarline te stean. Neist de haadyngong kaam in tuorke dêr't ûnder oare de tagong nei de tsjinstwenning yn te finen wie. Yn de stasjonshal wie de tagong ta de tunnel nei it heger lizzende perron. Op it foar in grut part oerdutsen perron stiene fjouwer gebouwen. Yn it grutste gebou wiene de wachtromten en in stasjonsrestauraasje.

Yn 1963 makke it stasjonsgebou út 1888 plak foar in nij stasjon nei ûntwerp fan Koen van der Gaast, omdat de spoaren in stikje ferlein waarden, om romte te meitsjen foar in nije trochgeande dyk, parallel oan de spoarline. De stasjonshal, dy't tagong joech ta de tunnel nei de perrons, hie in opfallend dak. Boppe de stasjonshal stie in kantoargebou fan fiif ferdjippingen. Rjochting it sintrum wie noch in tunnel ûnder de dyk troch. De yngong fan de tunnel wie aksintuearre mei in opfallende trijehoekige houten luif. Sa wie it stasjon noch wat werkenber tusken de heechlizzende dyk en de spoarline.

It stasjonsgebou út 1963 waard yn 1998 ôfbrutsen om de bou fan in metrostasjon ûnder it stasjon mooglik te meitsjen. Yn 2000 waard der in folslein nij stasjonsgebou iepene nei ûntwerp fan arsjitekt Jan van Belkum. De perronoerkaping út 1963 is al behâlden bleaun.

Oant 1967 hiet it stasjon Skiedam, yn dat jier wizigen de NS de namme fan it stasjon yn Skiedam-Rotterdam West fanwegen de ynternasjonale treinen dy't no op dit stasjon stoppen. Yn maaie 1998 krige it stasjon op 'e nij in nije namme. Fan dan ôf hiet it stasjon Skiedam-Sintrum om't der gjin ynternasjonale treinen mear stoppen yn Skiedam.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert SintraalAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: