Stedsspylman
Stedsspylmannen wiene muzikanten en sjongers dy 't oansteld waarden troch in stêd en dy't meiwurken oan spesjale gelegenheden.
Al yn de Midsiuwen waarden kosten opskreaun foar stedsspylmannen. Yn de 16e, 17e en 18e iuw bestiet it amt fan stedsspylman. Yn it earstoan in lyts ensemble, dat alle dagen en by heechtijdagen spile. Letter mar ien stedsspylman, mei in wiidweidige ynstruksje. Hy moast nachts op de toer nei it slaan fan de klok in liet op de trompet blaze en der goed om tinke oft nearne brân wie. Fierders moast er moarns it healoere hearre litte op in ynstrumint, dat faak stedseigendom wie. By bysûndere gelegenheden waarden muzikanten as oanfolling ynhierd.
De 19e iuwske stêdlike muzykkorpsen kinne net direkt yn ferbân brocht wurde mei de spylmannnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|