(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Strjitten yn Wurdum - Wikipedy Springe nei ynhâld

Strjitten yn Wurdum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Strjitten fan Wurdum)

De Strjitten fan Wurdum:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

De strjitten fan Wurdum krigen nei 1945 lykas ek gâns lytsere doarpen yn Fryslân offisjele strjitnammen. In oantal strjitten yn Wurdum binne nei bekende Wurdumers ferneamd. Wurdum hat in twatal Ingelsktalige strjitnammen, de George Emerson- en W. R. Fisherstrjitte. Yn de Twadde Wrâldoarloch makke in troch de Dútsers oansketten Wellingtonbommesmiter, mei as gesachfierder, George Emerson, in needlanning by Wurdum. It slagge de piloat William Robert Fisher mei muoite it tastel oer de huzen hinne te krijen, wêrtroch it doarp foar in ramp bewarre bleaun is. Fisher stoar as iennichst fan de seiskoppige bemanning by de hurde lanning en is yn Wurdum te hôf brocht. De oare mannen dy't min of mear ferwûne wiene, hawwe ta oant ein fan 'e oarloch yn Dútske kriichsfinzenis trochbrocht.

  • Arjenspôle -
  • Doeke Helamastrjitte - nei Doeke Hellema, 1766 - 1856, skoalmaster, boer, histoarjeskriuwer
  • Hôf -
  • Jacob Algerasingel - Jacob Algera, 1902 - 1966, jurist, politikus, minister fan Ferkear en Watersteat.
  • Kamp -
  • Kempenaersreed -
  • Legedyk -
  • Loodyk -
  • Lytse Buorren -
  • Marwertsterdyk - dyk nei buorskip Marwert
  • Sjouke van der Kooistrjitte - Sjouke van der Kooi, 1851 - 1944, skoalmaster, kenner fan it Hylpersk.
  • Skoallesteech -
  • Swichumerdyk - dyk nei Swichum
  • Sybren Valkemastrjitte - Sybren Valkema, boer, kastlein, toanielskriuwer en sosjalistysk foarman.