Tentakelpornografy
Tentakelpornografy (Japansk: shokushu goukan;
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wêzens mei tentakels makken har opwachting yn 'e Japanske erotika lang foar't der animearre pornografyske films bestiene. Ien fan 'e bekendste iere foarbylden is in yllústraasje út 'e roman Kinoe no komatsu, út 1814, dy't as titel hat De Dream fan 'e Fisker syn Frou. It is in ûnderdiel fan 'e Japanske erotyske keunst (shunga) en der binne letter fariaasjes op makke troch ferskate oare keunstners. Ut resint wittenskiplik ûndersyk[1] hat bliken dien dat hoewol't de print yn it Westen gauris ynterpretearre is as in ferkrêfting, it Japanske publyk fan it Edo-tiidrek it assosjearre hawwe soe mei frijwillige seks. Japanners soene de foarstelling nammentlik werkend hawwe as in sêne út 'e leginde fan 'e froulike dûker Tamatori, dy't in juwiel fan 'e drakekening stiel en dêrnei efterfolge waard troch dy syn ûnderhearrigen, oktopussen ynbegrepen.
Yn animearre foarm bestiet tentakelpornografy sûnt de jierren tachtich; it ierst bekende foarkommen is út 1986, yn 'e anime Guyver: Out of Control. Echte bekendheid krige it troch de Urotsukidōji-searje, wêrfan't it earste diel ek út 1986 stammet. Wat tentakelpornografy yn stripfoarm oanbelanget, fûn Toshio Maeda yn syn manga Demon Beast Invasion, út 1989, de blaudruk (om it samar te sizzen) út foar hast alle lettere strips. Maeda lei neitiid út dat er de praktyk optocht om de strange Japanske sensuer te omsilen, dy't it toanen fan in penis ferbea, mar blykber gjin muoite hie mei seksuële penetraasje troch in tentakel.
Folle seldsumer is live-action mei echte froulike pornografyske aktrises dy't seksuële omgong hawwe mei meunsters mei tentakels. De earsten fan dy sênes makken ûnderdiel út fan Amerikaanske B-films fan it horrorsjenre, lykas de film The Dunwich Horror, út 1970. Pas folle letter migrearre dit ferskynsel werom nei Japan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|