(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Thera Coppens - Wikipedy Springe nei ynhâld

Thera Coppens

Ut Wikipedy
Thera Coppens, 2014

Thera Coppens (Amsterdam, 19 maaie 1947) is in skriuwster út Baarn.

Coppens folge yn Amsterdam in sjoernalistike (praktyk-)oplieding by de Geïllustreerde Pers en spesjalisearre har yn artikels oer skiednis en keunst. Debutearre mei gedichten in De Gids en koarte TV-spullen foar de AVRO. Wennet sûnt 1983 in Baarn mei har man Wim Hazeu, se ha tegearre fjouwer bern. Yn Baarn sit sûnt 1988 ek har "Historisch Toerisme Bureau".

Proaza en poëzij ferskynden yn ûnder mear Museumtiidskrift Vitrine, NRC Handelsblad, De Gids, Wending, Parmentier, katalogussen fan PAN Amsterdam en de Nije Tsjerke Amsterdam en yn blêden as Nouveau, bylage Algemeen Dagblad. Coppens hâldt ek in soad lêzings.

Skreau in soad berneboeken en bernepoëzij. Hja skreau 9 bernemusicals en mear as 150 berneferskes (ferskynden op grammofoanplaten en cd’s). Stalde ûnder mear twa kear it Berneboekewikegeskink gear (yn 1981 'Je Eigen Tijd' oer bern en skiednis en yn 1982 'Retourtje Ver weg' oer reizgjen).

  • Suzanne en Edouard Manet : De liefde van een Hollandse pianiste en een Parijse schilder (Meulenhoff, 2014) ISBN 9029088567
  • Sophie in Weimar. Een prinses van Oranje in Duitsland (Meulenhoff, 2011) ISBN 9029087439. De biografy waard nominearre foar de biografypriis 2012.
  • Tien vrouwen van Soestdijk (UMCO, 2010) ISBN 9086690335.
  • Dageraad van Oranje Nassau, romantisearre biografyen (Meulenhoff 2009) ISBN 9029084448 (earder ferskynd by de Prom, 2001). In trilogy:
  • Hortense. De vergeten koningin van Holland (Meulenhoff, 2006) ISBN 9029077875.
  • Marie Cornélie. Dagboek van haar reis naar het hof van Sint-Petersburg 1824-1825 (Meulenhoff, 2003) ISBN 9029073659.
  • Voet op vrome bodem, novelle (de Prom, 2001) ISBN 9068017551.
  • Antonius Mor, hofschilder van Karel V, earste biografy fan de Utertske portretskilder Anton Mor (de Prom, 1999) ISBN 9068012916.
  • Petite Histoire, bondeling biografyske ferhalen oer froulju út it ferline, û.o. Mata Hari (de Prom, 1997) ISBN 9068015516.
  • Het gouden zoutvat, karút de kultuerhistoaryske ferhalen op de efterside fan NRC Handelsblad (de Prom, 1995) ISBN 9068014463.
  • Kloosterkeukens en recepten (de Fontein/Roularta books, 1993) ISBN 9026106254. De helte fan it boek bestiet út in oersjoch fan kulinêre hilligen, de oare helte út kleasterresepten (basis tv-rige Oude kloostergebruiken KRO/VRT. Yn 2006 ferskynde de DVD "Oude Kloostergebruiken".
  • Baarnse lusthoven en hun bewoners, (de Prom, 1990) ISBN 9068012479.
  • Buren, Egmond en Oranje (fanwege Stichting Oud-Buren). Ferhaal oer illustere hearen yn greefskip Buren (1989) ISBN 9026103646.
  • Maurits, Lodewijk en Willem Adriaan van Nassau, opdracht fan Provinsjale Bibleteek Sintrale Utert. Oer de neisieten fan prins Maurits op kastielen yn de provinsje Utert (1986) ISBN 9024645905.
  • Maria Stuart. Koningin van Schotland, biografy yn romanfoarm (Zuid-Hollandse uitgeversmij., 1973).
  • Elizabeth R', biografy yn romanfoarm (Zuid-Hollandse uitgeversmij., 1971).
  • De zes vrouwen van Hendrik VIII, biografy yn romanfoarm ( Zuid-Hollandse uitgeversmij., 1970).
poezy
toaniel
  • De vlieg, ienakter/tv-spul (AVRO, 1971).
  • De student en het achtste huis, ienakter/tv-spul (AVRO, 1969).
berneboeken, ûnder oaren

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: