(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Tjitse Smeding - Wikipedy Springe nei ynhâld

Tjitse Smeding

Ut Wikipedy

Tjitse Smeding (6 desimber 1954 - Toulouse, 2 april 2010) wie de súksesfolste trainer en pikeur van dravers út Fryslân ea. Hy helle 2137 oerwinnings en wie mar leafst njoggen kear riderkampioen fan Nederlân.

Yn de jierren tachtich wiene de trainer-pikeur en syn hynders hast net te ferslaan op de Nederlânske drafbanen. Sa stie Smeding, dy't yn Aldskoat syn stâl hie, yn in meeting faker fiif kear yn de winnersring. Mei de merje Bea di Tricia wûn hy as rider yn 1987 nettsjinsteande in lekke bân op de baan fan Duindigt de Derby. Tolve jier letter wie it as trainer foar de twadde kear raak mei de troch Huub van den Heuvel riden Nigel Stardust. Yn 2000 wûn de troch him trainde Odd's Against op Wolvegea de mei € 158.238 heechst notearre koers ea yn Nederlân ferriden.

Smeding wie in revolúsjonêre trainer dy't altyd socht nei fernijings yn de sport en training. Syn teoryen, foar in grut part basearre op de atletykwrâld, wienen faak omstriden, mar smieten wol grutte súksessen op. By de jonge hynders wie hy syn tiid fier foarút en syn twajierrigen wûnen jierrenlang hast alle klassikers. Syn hynders hienen in grut úthâldingsfermogen en waarden altiten gau yn de oanfal stjoerd. Ienris op kop wienen se net mear yn te heljen.

Nettsjinsteande de sportive hichtepunten gie it libben fan de grutste fakman ûnder de Fryske dravertrainers net oer roazen. Yn 1990 kaam hy mei Creese K. op de baan fan Hilfertsom slim te fallen en folge in lange refalidaasje. Nei syn werstel liet Smeding it riden fan de hynders, troch de need twongen, oan oaren oer. Boppedat oerwûn er kanker. Doe't er yn Frankryk by in auto-ûngelok benei al syn bonken bruts, focht er him nochris mei súkses werom. Yn 2002 ferhuze er nei Frankryk, dêr't er in beskieden entrainemint runde. Smeding stoar oan in akute alfleisklierynfeksje en liet syn frou Tamara en dochter Dagmar efter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: