Plaknamme
In plaknamme is elts toponym foar in stêd, doarp, buorskip/útbuorren en oare plak dêr't minsken har nei wenjen set ha.
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste plaknammen waarden al beskreaun troch Plinius de Alde (Castellum Flevum) en Tacitus (Lucus Baduhennae). De plaknammen dy't bewarre bleaune, binne faak feroare fan klank en foarm: Weningi (Wyns) en Meinardskerke (Minnertsgea). Yn oarkonden, âlde kaarten en tsjerkeboeken binne noch wol plaknammen te finen. Letter waarden de Provinsjale Almenak en de Ierdrykkundich Genoatskip fan de Fryske Akademy oanhâlden. Mar hoe lytser it plak, hoe minder at der fan bekend wie. Guon wenplakken binne yn de rin fan de tiid sels hielendal ferdwûn.
In soad plakken binne ek oan elkoar fêstgroeid. Sa waarden Weinterp en Duerswâlde ta Wynjewâld.
Of it iene doarp waard opslokt troch it oare: Kollumersweach, Sweagerfean en Sânbulten waarden Kollumersweach.
Yn Dantumadiel waard de nije namme Damwâld gearstald út de doarpen Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plaknammen kinne foarme wurde troch: Inkelde nammen:
Gearstallings:
Bepaalde útgongen: De útgong hiem ferwaard ek ta -um. Sokke plakken lizze faak by âlde wetters lykas de eardere Middelsee.
- -um ( Weidum, Reitsum of Penjum )
- -hiem Mantgum (Mantinga-hiem) en Berlikum (Berlinga-hiem)
- -fean ( It Hearrenfean, Surhústerfean en Bakkefean)
- -wert/wier Holwert, Offenwier, Nijewier of -terp : Slappeterp Wier is in oare namme foar terp
- -tsjerk Oentsjerk, Gytsjerk en Tsjerkebuorren
Ut Lânnammen:
- Nes
Migraasjenammen:
- Bethlehem ta Bartlehiem
Spotnammen:
Swierrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It krekt staverjen fan plaknammen jout wol swierrichheden. Dit jildt foar de Fryske namme, mar ek foar de Nederlânske. Der binne ferskate oarsaken:
- ûnsekerheid: der wie earder net ien offisjele stavering. Oant mids tweintchste iuw wienen de Provinsjale Almenak en de List fan de Fryske Akademy hâldfêst. Mar dizze boarnen kamen net altyd oerien. Sa bestie Appelsga/Appelscha, Boxem/Boksum en Twijzel/Twizel.
- ferkeard ferstean: Idsegahuizen/Skuzum Opeinde/De Pein en Uitwellingerga/Twellingea
- ferkeard begripe: Vensterburen/Finsterbuorren Venster komt net fan Finster mar fan Finne (greidlân)
- net konsekwint wêze: Oenkerk/Tsjerkgaast en Joure/de Jouwer neist Hiaure/De Lytse Jouwer.
Offisjele listen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oarloch binne der in soad dûbeltalige komboerden komd by Fryske plakken. Letter hat in tal gemeenten der foar keazen de Frysktalige plaknammen ta offisjele plaknammen te meitsjen. De gemeenten dêr't it oant no ta om giet binne: Boarnsterhim, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Littenseradiel en Tytsjerksteradiel. Yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw hie it regear yn De Haach besletten dat der mar ien toponym offisjeel wêze koe. Troch de komst fan de kompjûter drigen dêrtroch benammen de Fryske nammen blokkearre te wurden. De PTT fûn it omneamen eins te djoer; der wie doe noch net safolle automatisearre; it postkoadeboek en de telefoanboeken moasten omset wurde en mear fan soks. Boppedat wie doe ek it befolkingsregister - no Gemeentlike Basis Administraasje - noch net digitaal. By it ynfieren fan de nije stavering yn 1984 binne der ôfspraken makke oer de krekte stavering. Yn it Frysk Wurdboek steane de gruttere plakken en doarpen neamd. Noch altyd is der betizing oer de stavering fan Fryske nammen. Yn 1997 is der in standertlist mei Fryske Plaknammen útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|