Tsjerepovets
Tsjerepovets
Череповец | ||
Oktjabrski brêge oer de Sjeksna | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 305.185 (2021) | |
Befolkingsticht. | 2.632,52 ynw./km² | |
Stêdekloft | 122 km² | |
Hichte | 130 m | |
Oar | ||
Stifting | 1362 | |
Postkoade | 162600-27 | |
Tiidsône | UTC +3 (MSK) | |
Koördinaten | 59° 8' N 37° 54' E | |
Offisjele webside | ||
cherinfo.ru | ||
Kaart | ||
Tsjerepovets (Russysk: Череповец) is in stêd yn it Europeeske diel fan de Russyske Federaasje. It is de grutste stêd fan de oblast Vologda.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerepovets leit sintraal yn it Russyske Leechlân yn it súdwesten fan de oblast Vologda. De stêd leit mei 530 kilometer op in like grutte ôfstân fan Moskou as Sint-Petersburch. Vologda leit 126 kilometer fan Tsjerepovets. Tsjerepovets leit op it plak dêr't de Sjeksna yn de opslachmar fan Rybinsk útmûnet.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Tsjerepovets is sûnt de 15e iuw bekend. Yn de namme soene de Finsk-Oegryske wurden tsjerep (plasse) en vesi (wetter) sitte, mar oertsjûgend is dy útlis net. Oaren tinke dat de plaknamme yn 'e taal fan de ynhiemske Wepsen 'Wepsyske fiskheuvel' betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de twadde helte fan de 14e iuw waard op it plak fan de hjoeddeiske stêd it Opstanningskleaster stifte. Yn it ramt fan de bestjoerlike herfoarmings fan 1777 joech Katarina II de opdracht om op de sekularisearre kleastergrûn de stêd Tsjerepovets te stiftsjen.
In alderheislikste flugge groei fan de yndustry feroare de stêd folslein en oan it begjn fan de jierren 1960 gie de stêd foar it earst oer de 100.000 ynwenners. Yn 1970 wie de sted wat ynwennertal oanbelanget de grutste stêd fan de oblast.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit strategysk op de krusing fan de Wolga-Baltyske wetterwei tusken de twa grutste Russyske stêden Moskou en Sint-Petersburch. Tsjerepovets hat in haven, goede oanslutingen op it spoarnet en op sa'n 20 kilometer fan de stêd in lofthaven en wurdt beskôge as in goed fêstigingsplak foar yndustry. It aksint leit op de ferrometaal, de gemy en transport. Ien fan de grutste izer- en stielfabriken fan Ruslân, Severstal, hat syn basis yn Tsjerepovets.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1856 | 1897 | 1926 | 1939 | 1959 | 1979 | 1990 | 2000 | 2010 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 2.700 | 7.000 | 22.000 | 32.000 | 92.356 | 265.933 | 312.000 | 324.400 | 309.298 | 314.834 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|