(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Twa Moannen - Wikipedy Springe nei ynhâld

Twa Moannen

Ut Wikipedy
Twa Moannen
Twa Moannen. (Foto: Northwestern University Library.)
Twa Moannen. (Foto: Northwestern University Library.)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Éše’he Ôhnéšesêstse
oare namme Two Moons
berne 1847
berteplak ? (Montana)
stoarn 1917
stjerplak yn it Noardlike Sjajinne
Reservaat
(Montana)
etnisiteit Noardlik Sjajinsk
Arikara
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Noardlike Sjajinnen
jierren aktyf ±18701917

Twa Moannen (Sjajinsk: Éše’he Ôhnéšesêstse, útspr.: [ɪʃɪʔhɪ ohnɪʃɪsɪsʦɪ]; Ingelske oersetting: Two Moons; Montana, 1847 – yn it Noardlike Sjajinne Reservaat (Montana), 1917) wie in opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen, (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy is benammentlik bekend wurden as de oanfierder fan 'e Noardlike Sjajinnen dy't oan 'e kant fan 'e (Sioux) fochten yn 'e Slach oan de Little Bighorn, tsjin it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Twa Moannen wie de soan fan Draacht-de-Otter, in froulike kriichsfinzene fan Arikara-komôf, dy't by de Noardlike Sjajinnen yntroud wie. Hy makke ûnder syn eigen folk namme troch syn lieding oer de Sjajinske krigers yn ferskate militêre treffens mei de Amerikanen, dy't diel útmakken fan 'e saneamde Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Sa focht er bygelyks mei yn 'e Slach oan de Rosebud, op 17 juny 1876 yn wat no de steat Montana is, tsjin 'e Amerikaanske luitenant-kolonel George Crook. Hy waard lykwols ûnder de blanken pas bekend troch syn dielname as Sjajinsk lieder oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, wêrby't de en harren bûnsgenoaten, de Sjajinnen en de Arapaho, it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrochten.

Nei de beskamjende nederlaach oan 'e Little Bighorn setten de Amerikanen alles op alles om sa fluch mooglik it Yndiaanske ferset de nekke om te draaien. Twa Moannen wie ien fan 'e lêste fijannige oarlochslieders dy't noch op frije fuotten wie, mar op 8 jannewaris 1877 waard er troch generaal Nelson A. Miles ferslein yn 'e Slach by Wolf Mountain. Dat ferlies brocht him der úteinlik ta om him yn april 1877 by Fort Keogh, yn Montana, oan 'e Amerikanen oer te jaan.

Twa Moannen wie ien fan 'e modellen dy't de byldhouwer James Earle Fraser brûkte foar syn ûntwerp fan 'e saneamde buffalo nickel ("bizonstoer").

Neitiid keas er derfoar om as ferkenner tsjinst te nimmen yn it Amerikaanske Leger, foar deselde generaal Miles dy't him by Wolf Mountain ferslein hie. Twa Moannen hie in oangename persoanlikheid en koe mei hast eltsenien oer de wei. Meitiid rekken hy en Miles befreone, en sadwaande befûn er him begjin 1879 yn 'e posysje om in krúsjale rol as midsman te spyljen by de oerjefte, op 'e nij te Fort Keogh, fan 'e Noardlike Sjajinnetroep fan Lytse Wolf. Nei't dy yn 1877 nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) deportearre wiene, hie nammentlik bliken dien dat dêr net genôch iten wie en boppedat hearske der ek noch malaria, dat yn septimber 1878 wie in grutte groep Noardlike Sjajinnen ûnder de opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf út it reservaat ûntsnapt om, efterfolge troch de Amerikaanske kavalery, werom te kearen nei harren heitelân yn it noarden. (Dit barren stiet bekend as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen.)

Mei troch de ynfloed fan generaal Miles krigen de Noardlike Sjajinnen doe úteinlings tastimming om yn Montana te bliuwen. Yn 1884 waard harren dêr yn opdracht fan presidint Chester A. Arthur it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat tawiisd. Dêrop soarge Miles derfoar dat Twa Moannen, in man dy't wist hoe't er mei de blanken omgean moast, it heechste opperhaad fan it reservaat waard, en dêrmei it oansprekpunt foar de Amerikaanske oerheid. Yn syn nije hoedanichheid fan heechste lieder fan syn folk reizge Twa Moannen ûnderskate kearen nei it fiere Washington, D.C., foar direkt oerlis mei it Amerikaanske regear, en om te krewearjen foar de takomst fan 'e Noardlike Sjajinnen en harren reservaat. Yn 1914 hied er, om sokke saken te bepraten, sels in ûnderhâld mei presidint Woodrow Wilson sels. Twa Moannen stoar yn 1917, yn 'e âlderdom fan 70 jier, yn syn hûs yn it Noardlike Sjajinne Reservaat yn Montana. Syn grêf leit oan U.S. Route 212, bewesten it plakje Busby.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.