Typografy
Appearance
Typografy, fan it Grykske τύπος (tupos: slach, foarm, ôfdruk) en γράφειν (grafein: skriuwen), is de keunst fan it foarmjaan, setten en drukken fan tekst, foar funksjonele en estetyske doeleinen.
Dêrby spilet de opmaak fan tekstblokken, de blêdspegel mar ek de keuze fan lettertypen, fette en skeane farianten, wytromte en ynterpunksje in wichtige rol.
Oarspronklik wie it belangrykste medium foar de typografy it boek. By formulieren, websites, ynteraktive cd-roms, reklame-uterings of warskôgingsbuorden is typografy lykwols ek net mear wei te tinken. Typografy moat rekken hâlde mei it medium en doel fan de skreaune teksten. Dy stelle ferskillende easken foar lêsberheid en opfallendheid.
Nederlânsk typografen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bram de Does
- Johan H. van Eikeren
- Sem Hartz
- Jan van Krimpen
- Huib van Krimpen
- Abe Kuipers
- Martin Majoor
- Walter Nikkels
- Gerrit Noordzij
- Charles Nypels
- S.H. de Roos
- J.F. van Royen
- Helmut Salden
- Willem Sandberg
- A.A.M. Stols
- Fred Smeijers
- Dick Elffers
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alinea
- Boekdrukkeunst
- Cascading Style Sheets
- Corps (maat)
- Drukparse
- Kalligrafy
- Kerning
- Lettertype
- Lêsteken
- Sideopmaak
- Stripboekbelettering
- Typografyske ienheid
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|