Wahpeton
De Wahpeton (Ingelsk: Wahpeton, útspr.: ['wɑpe:tən]; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ, útspr.: [wa
De Wahpeton, wa har namme oft "Blêdedoarp" betsjut, binne it naust besibbe oan 'e Sisseton (mooglik: "Doarp Dêr't It Goed Fiskjen Is" ). Histoarysk sjoen makken de Wahpeton diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Eastlike Dakota der fjouwer hiene, de Westlike Dakota twa en de Lakota mar ien.