(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Wylde ierdbei - Wikipedy Springe nei ynhâld

Wylde ierdbei

Ut Wikipedy
wylde ierdbei
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift roaseftigen (Rosales)
famylje roazen (Rosaceae)
skaai ierdbeien (Fragaria)
soarte
Fragaria vesca
Linnaeus, 1753

De wylde ierdbei, Fragaria vesca, is de wylde tsjinhinger fan de kultuerierdbei. Mar dêr't de kultuerierdbei in krusing is, is de Wylde ierdbei in soart op himsels.

De Wylde ierdbei groeit fral yn boskgebieten, meast op in wat fochtige sângrûn yn filtere sinneljocht. De plant hat lytse wite blomkes. De dielde, trijedûbele blêden binne glânzgjend, en hawwe in skerptakkige blêdrâne. De fruchten, einliks binne it sabeare fruchten, ferspriede in swiete rook. Se binne te iten, mar binne al lytser as dy fan de kultuerierdbei.

Wylde ierdbei.

De lytse fruchten smeitsje fris, wat se gaadlik makket foar fruchteslaad en -drinken, sjerp en sjem. Se binne wat laksearend, en der sit in soad izer yn en fitamines A en C. Ierdbeien kinne soargje foar wite tosken, en komme toskstien foar.

De blêden binne gaadlik foar tafoeging oan krûdetee of slaad. In ôftreksel fan jonge blêden helpet by bloedearmoede. Yn dy beide foarmen soargje de blêden ek foar in bettere spiisfertarring. Utwindich kinne se brûkt wurde as in kompres doopt yn in ôftreksel, dêr't lytse wûnen mei genêzen wurde kinne.