(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Ynternasjonale titel - Wikipedy Springe nei ynhâld

Ynternasjonale titel

Ut Wikipedy

In ynternasjonale titel is in alternative titel yn in oare taal as de orizjinele titel. Soks is wat dat benammen yn 'e filmyndustry foarkomt. Ynternasjonale titels binne hast altyd yn it Ingelsk. Filmprodusinten út net-Ingelsktalige lannen en territoaria jouwe dêrby harren films foar de binnenlânske merk in titel yn 'e eigen taal en foar de bûtenlânske merk in twadde titel yn it Ingelsk, mei as riddenearring dat yn it bûtenlân de orizjinele taal fan 'e film net sprutsen wurdt en de orizjinele titel dêrom ûnbegryplik is. Foarbylden binne Nederlânske films as Michiel de Ruyter en Bloedlink, dy't om utens Admiral, resp. Reckless hjitte. In oar foarbyld is de winner fan 'e Oscar foar Bêste Ynternasjonale Film fan 2019, dy't rûnom bekend stiet ûnder de ynternasjonale titel Parasite, mar dy't eins (yn it Koreaansk) Gisaengchung hjit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: