Iper
Iper | ||
Lakenhalle, Belfort en Sint-Maartenstsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
Provinsje | West-Flaanderen | |
Arrondissemint | Iper | |
Boargemaster | Luc Dehaene | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 35.014 (2017) | |
Oerflak | 130,61 km² | |
Befolkingsticht. | 268,08/ km² | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.ieper.be |
Iper (Frânsk: Ypres) is in stêd en gemeente yn it súdwesten fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd hat hast 35.000 ynwenners en is dêrmei de seisd grutste stêd fan West-Flaanderen. Iper is ek it sintrum fan it arrondissemint mei deselde namme en de grutste stêd yn de Westhoek. De bynamme fan Iper is 'de Kattestêd' of sûnt de besite fan paus Johannes Paulus II, 'Fredesstêd'. Earder waard sprutsen fan Iperen. Iper leit yn de streek West-Flaamsk Hichtelân.
Kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Iper bestiet út olve dielgemeentes. Rûnom it stedssintrum lizze de dielgemeenten Boezinge, Brielen, Dikkebus, Elverdinge, Hollebeke, Sint-Jan, Vlamertinge, Voormezele, Zillebeke en Zuidschote. Yn Boezinge leit ek it buorskip Pilkem. Eastlik fan it stedssintrum lizze in tal buorskippen sa as Wieltje, Potyze en Verlorenhoek, yn Zuidschote leit it buorskip Lizerne en yn Voormezele Sint-Elooi.
# | Namme | Oerflak | Befolking (31/12/2009) |
---|---|---|---|
I | Iper (sintrum) | 18,68 | 21.786 |
II | Zillebeke | 17,35 | 2.105 |
III | Hollebeke | 5,73 | 705 |
IV | Voormezele | 11,92 | 888 |
V | Dikkebus | 10,06 | 1.503 |
VI | Vlamertinge | 20,84 | 3.646 |
VII | Brielen | 5,73 | 879 |
VIII | Elverdinge | 13,97 | 1.791 |
IX | Zuidschote | 4,40 | 389 |
X (XII) |
Boezinge - Boezinge - Pilkem |
18,24 |
2.534 |
XI | Sint-Jan | 4,48 | 923 |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earste Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Salang't de Earste Wrâldkriich duorre hat, wie de stêd oan trije kanten omjûn fan Dútske troepen; de Britske ferdigeners neamden dy bôge yn it front de Ypres Salient. In fergelykbere situaasje bestie, fierder nei it súdeasten, by de Frânske stêd Verdun.
It slagge de Dútsers net de stêd te feroverjen. De Dútske kavalery hie - eardat de fjochterij om Iper hinne begûn - de stêd wol ynlûke en trochkrúze kinnen; in fjildtocht dy't mar inkelde dagen duorre. Nettsjinsteande in oantal grut opsette fjildslaggen, dy't 500.000 soldaten it libben koste, bleau Iper út hannen fan de Dútsers.
Earste Slach om Iper
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 21 oktober 1914 begûn de Earste Slach om Iper. It 26e Dútske reservekorps stie tsjinoer Frânske en Britske troepen. Om seis oere foelen de Dútsers oan, mar rillegau ferlearen sy de striid. De Dútske soldaten besochten it letter noch twaris, mar it slagge harren net. Op 22 novimber 1914 besleat it Dútske Heechstekommando om it offensyf sitte te litten.
Twadde Slach om Iper
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Twadde Slach om Iper sette op 14 april 1915 útein om Hill 60. De Dútsers moasten it wer opnimme tsjin de Frânsen en de Britten. De slach is meast bekend wurden omdat dêr foar it earst gloorgas brûkt waard. De Dútsers setten it gifgas yn op 22 april 1915. Letter hawwe de Dútsers ek mostergas brûkt. It krige de namme Iperyt omdat it foar it earst op grutte skaal by Iper ynset waard.
Tredde Slach om Iper
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 31 july 1917 begûn de Tredde Slach om Iper. De Britske fjildmaarskalk sir Douglas Haig woe doe de Dútsers de deastek jaan. De slach sels waard striden op 10 novimber 1917. Dizze slach wurdt ek wol de Slach om Passendale neamd, nei it doarpke ûnder Zonnebeke. Dat doarp waard folslein ferwoastge.
Fjirde Slach om Iper
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 18 maart 1918 wie de Fjirde en lêste Slach om Iper. Nei dy slach lei de stêd Iper hielendal yn pún. Op 28 septimber 1918 ferlieten de Dútsers Langemark. Goed seis wike letter, op 11 novimber 1918 om moarns alve oere wie de oarloch offisjeel dien.
Nei de oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Iper lei lykwols yn pún. Nei de kriich woene guonts te stêd net wer opbouwe, mar gewurde litte, as in tinkteken oan in ferskriklike oarloch. Dochs waard de stêd wol werombrocht yn de steat fan foar de oarloch, foar it meastepart mei Dútsk jild, part fan de ôftwongen Wiedergutmachung. De weropbou duorre mear as fjirtich jier. Foar in protte minsken, benammen de Britten, is Iper it middelpunt fan de betinking fan de Earste Wrâldkriich. De fjilden om de stêd hinne lizze besiedde mei goed 170, goed fersoarge, begraafplakken.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 6 septimber 1944 waard Iper befrijd troch it 10e rezjimint Jagers op 't hynder, tankrezjimint út de 1e Pânserdifyzje (Poalen) fan generaal Maczek dy't út Poperinge wei de stêd ynfoelen.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- I. L. A. DIEGERICK, Inventaire des archives de la ville d'Ypres, Brugge, 7 dielen, 1853-1868
- A. VANDENPEEREBOOM, Ypriana, Brugge, 7 dielen, 1878-1883.
- Octaaf MUS (red.), Prisma van de geschiedenis van Ieper, Iper, 1974
- Jozef GELDHOF, Oorlogsdagboeken over Ieper (1914-1915), Brugge, Diel 1, 1974 - Diel 2, 1977
- Jan DEWILDE & Frederik VANDEWIERE, Ieper op porseleinkaart 1840-1890, Iper, 2004
- Octaaf MUS & Paul TRIO (red), De geschiedenis van de middeleeuwse grootstad Ieper. Van Karolingische villa tot de destructie in 1914, Iper, 2010, ISBN 978 94 909 26021.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |