(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Anargisme - Wikipedy

It Anargisme is in politike streaming dy't as radikaal bekôge wurdt en ûntstien is út it sosjalisme. Karakteristyk foar it anargisme is dat it gjin inkele foarm fan gesach of macht erkend. It tinken dat hjir efter leit is dat eltse foarm fan gesach úteinlik ta machtsmisbrûk liede sil. Neffens dy ideology soenen minsken harsels bestjoere moatte middels lytse selsbestjoerende mienskippen dêr't elkenien gelyk is oan inoar. Yn Ruslân dêr't dizze wize foar it earst yn de 20e iuw foarm krige, waard soks sowjets neamd. Der wurde twa foarmen fan anargisme ûnderskieden: in gewelddiedige en in net gewelddiedige foarm; de gewelddiedige foarm is wol it meast ferneamd wurden. De net-gewelddiedige rjochting lei de klam op tsjinstwegering.

Politike ideology
Side út de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

By de opkomst fan it sosjalisme wie it anargisme in frij sterke sydstreaming. Spoaren fynt men yn De Klok en Morgenrood. Doetiids krijt ek Lev Tolstoj in soad omtinken.

Fryske anargisten

bewurkje seksje

Anargisme krige yn Fryslân in soad oanhing troch Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy't troch de arbeiders 'Us Ferlosser' neamd waard. Benammen yn de jierren foar de Twadde Wrâldkriich krige it anargisme oanhing yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Nei de oarloch waard de oanhing folle lytser. De Feraasje fan frije sosjalisten, wêr't de anargisten yn it Noarden har yn feriene hiene, hienen yn 1918 in terrein yn de bosken by Appelskea, dêr't jierliks mei de pinksterdagen in lândei hâlden wurdt. Dêr wie op 16 en 17 maaie 1970 it lanlike kongres "Anti-autoritaire opposistie nu", mei as sprekkers ûnder oaren Roel van Duyn en Otto Boetes.
Predikanten as Louis Adrian Bähler fan Skiermuontseach, Sibillus Catharinus Kylstra fan De Rottefalle neame har kristen-anargist. Ek stypje hja de koloanje yn Blaricum (Ynternasjonale Bruorskip).
Ek de Bruorren Hogerhuis binne anargisten. Der wennen in soad fan yn It Bilt en de Feanstreken. Yn de Earste Wrâldoarloch docht Giesen yn Ljouwert fan him sprekken. Letter wurdt harren ynfloed minder.

  • Imke Klaver - Herinneringen van een Friese landarbeider (1974)
  • Douwe de Wit - Overdenkingen van een arbeidersjongen (1974)