(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Kallemoai - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kallemoai

Ut Wikipedy

Kallemoai is de pinksterfoarjierfiering, de fiering fan de Pinksterkroan dy't op it eilân Skiermûntseach fierd wurdt.

Op Pinkstersneon wurdt in hoanne 'stellen' fan ien fan de eilânbewenners. Dy wurdt mei iten en drinken yn in koer oan in peal (de Kallemoai – de namme is nei alle gedachten in ferbastering fan 'keale maaie(beam)' – ) hong. Omdat it om in stellen hoanne giet, soe it om in âld germaansk gebrûk gean kinne. Dêr hie it stellen in magyske krêft. De hoanne sels is it symboal fan fruchtberheid. Yn oare dielen fan Nederlân wie it de fiering fan de Maaiebeam. De peal mei de Kallemoai-flagge wurdt op pinksternacht om ûngefear healwei tolven plante troch de alve leden fan de feestkommisje. Dy binne werkenber oan harren heal-hege hoed mei wyt-grien lint en in rozet op de revers. Nei it plantsjen fan de peal wurdt it Kallemoaibitter skonken yn it tichtby lizzende hotel. Op pinkstertrije wurdt de beam wer ôftúgd. De pinkstermerke is neffens tradysje ûnderdiel fan it feest. Kallemoai wurdt allinnich noch op Skiermûntseach fierd. Ut de achttjinde iuw bestiet ek in fermelding út Sâltkamp yn Grinslân. Yn 2015 moat der yn de koer in kamera west hawwe. Dêrmei soe de bistedokter ien en oar yn de gaten holden hawwe.