(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Jiertiid - Wikipedy Springe nei ynhâld

Jiertiid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seizoen)
In anymaasje fan de jiertiden op de ierde.
Seizoen wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: seizoen (betsjuttingsside).

In jiertiid, of seizoen (fan it Aldfrânske seson of seison, dat "siedderstiid" betsjutte), binne fjouwer jierliks weromkommende perioades fan trije moannen. Elts fan dizze jiertiden hat har eigen skaaimerken. De jiertiden fine plak troch it draaien fan de ierde om de sinne hinne.

Yn it grutste part fan de wrâld wurdt der ûnderskied makke tusken de fjouwer jiertiden maaitiid, simmer, hjerst en winter. Net yn alle gebieten fan de wrâld wurdt der in ferdieling fan fjouwer jiertiden oanholden. Sa wurdt der op de evener sprutsen fan in wiet en in drûch seizoen, en bin der plakken yn Austraalje wêr't hja seis jiertiden kenne.

Yn de astronomy begjint in seizoen op it stuit dat de sinne op in kearkring of de evener komt. Dat bart op in sekuer fêststeld momint, bygelyks op 21 juny om 13:43. It tiidstip ferskilt fan jier ta jier. Yn skrikkeljierren falt it begjin fan in seizoen yn in protte gefallen in dei earder.

Yn de meteorology begjinne en einigje de seizoenen op fêste datums.

Foar it noardlik healrûn binne dizze datums:

Op it súdlik healrûn bin dit tsjinoerstelde datums:

  • In jiertiid wurdt ek wol in seizoen neamd. It wurd seizoen wurdt ek foar oare tapassings brûkt.