Slachskip
In slachskip is in grut pânsere oarlochsskip, dat tarist is mei ien of mear batterijen swier geskut, besteande út kanonnen fan in swier kaliber. Yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw en de earste tritich à fjirtich jier fan 'e tweintichste iuw wie it slachskip it grutste en krêftichste type oarlochsskip dat der wie. De doetiidske floaten fan grutmachten as it Feriene Keninkryk, it Keizerryk Dútslân, Frankryk, de Feriene Steaten en Japan wiene konsintrearre om slachskippen hinne. Tsjin 'e tiid dat yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek, wie it slachskip lykwols efter de tiid rekke, mei't oare marineskippen folle brûkberder blieken foar de oarlochfiering op see, lykas de lytsere en fluggere torpedoboatjager, de glûpske dûkboat en it breder ynsetbere fleandekskip. Hoewol't inkele slachskippen in nij doel krigen as farrend platfoarm foar fjoerstipe en/of stjoerde raketten, wiene der mar in bytsje lannen dy't nei 1960 noch sokke skippen yn aktive tsjinst hiene. De alderlêste slachskippen waarden oan it begjin fan 'e 1990-er jierren ôftanke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heechtijdagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De term 'slachskip' rekke oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren foar it earst yn formeel gebrûk as namme foar in type izerbeklaaid oarlochsskip, dat troch histoarisy no oantsjut wurd as de pre-dreadnought. Om 1900 hinne wiene slachskippen in symboal fan dominânsje op see en fan nasjonale macht. Sadwaande foarmen slachskippen desennia lang in wichtige faktor yn sawol diplomasy as oangeande militêre strategy. Yn 'e 1890-er jierren begûn yn Jeropa in wapenwedrin op it mêd fan slachskippen, dy't letter oersloech nei oare dielen fan 'e wrâld (te witten: Japan en de Feriene Steaten). Dy wapenwedrin kulminearre yn 1905 yn 'e Slach by Tsushima.
De útkomst fan dy seeslach oefene in sterke ynfloed út op it ûntwerp fan 'e HMS Dreadnought (oersetting: "Freestneat"). Dat wie in skip fan 'e Britske Keninklike Marine, dat yn 1906 foar in revolúsje op it mêd fan slachskipûntwerp soarge. Neifolgjende slachskippen, wêrfan't it ûntwerp sterk troch dat fan 'e HMS Dreadnought beynfloede wie, waarden oantsjut as "dreadnoughts", hoewol't dy term nei ferrin fan tiid efterhelle rekke doe't der wrâldwiid noch mar ien type slachskip (de dreadnought) yn aktive tsjinst wie. De tewetterlitting fan 'e HMS Dreadnought foarme sadwaande it begjin in nije wapenwedrin.
Lykwols fûnen der yn 'e hiele skiednis fan oarlochfiering op see mar trije seeslaggen plak dy't útfochten waarden troch stielen slachskippen. Dat wiene de Slach yn 'e Giele See yn 1904 en de al neamde Slach by Tsushima yn 1905, dy't beide ta de Russysk-Japanske Oarloch hearden (en resultearren yn klinkende oerwinnings foar de modernere Japanske float), en de (ûnbeslist einige) Slach by Jutlân yn 1916, tusken de marines fan it Feriene Keninkryk en it Keizerryk Dútslân, ûnder de Earste Wrâldoarloch. De Slach by Jutlân wie it iennichste grutskalige treffen tusken slachskippen fan ferskillende lannen, en foarme mei-iens ek it hichtepunt yn 'e ûntwikkeling en tapassing fan sokke oarlochsskippen.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren waard it tal slachskippen dêr't in lân oer beskikke mocht troch de sluting fan 'e Marineferdraggen oan bannen lein, hoewol't de technyske ynnovaasje fan slachskippen fuortset waard. Sawol de Alliëarden as de As-lannen giene troch mei it bouwen fan slachskippen oant fier yn 'e Twadde Wrâldoarloch, hoewol't it slachskip doe al dúdlik op it twadde plan kommen wie te stean fanwegen de opkomst fan it fleandekskip. It bekendste slachskip út 'e Twadde Wrâldoarloch wie de Bismarck, dy't yn maaie 1941 troch de Britske Keninklike Marine ta sinken brocht waard nei in lange efterfolging oer de Atlantyske Oseaan.
Yn 1940 kamen de Dútske slachskippen de Scharnhorst en de Gneisenau foar de westkust fan Noarwegen it Britske fleandekskip de HMS Glorious oer it mad en brochten it ta sinken. Dat wie de iennichste kear dat in fleandekskip ea troch kanonnefjoer fan oare skippen ta sinken brocht waard. Letter yn 'e oarloch kaam lykwols de kwetsberens fan slachskippen foar fleandekskippen oer ferskate kearen dúdlik oan it ljocht, lykas by de Japanske oanfal op Pearl Harbor, op 7 desimber 1941, wêrby't fiif fan 'e acht dêr oanwêzige Amerikaanske slachskippen ta sinken brocht waarden, en trije dagen letter by it ta sinken bringen fan it Britske slachskip de HMS Prince of Wales en de begeliedende slachkruser HMS Repulse, troch Japanske bommesmiters yn 'e neite fan Malakka.
Der waarden, sels yn syn heechtijdagen, fraachtekens pleatst by de militêre wearde fan it slachskip. Fan 'e beslissende seeslaggen dy't foarstanners foar eagen stiene, en dêr't se de ûnbidige kosten fan 'e bou fan sokke giganten fan 'e see mei besochten te ferantwurdzjen, kaam net folle op 'e hispel. Sels mei al harren fjoerkrêft en bepânsering wiene slachskippen hieltyd kwetsberder foar folle lytsere en relatyf goedkeape wapens: yn 't earstoan de torpedo en de seemyn, en letter ek de bommesmiter en de stjoerde raket. Ek de almar grutter wurdende ôfstân tusken de oan in seeslach dielnimmende floaten makke dat it fleandekskip wat foar hie op it slachskip. Geandewei de Twadde Wrâldoarloch, doe't stiel hieltyd krapper waard, moasten úteinlik ek de taaiste oanhingers fan it slachskip belies jaan. De Britske HMS Vanguard, dy't yn 1944 te wetter litten waard, wie it lêste slachskip dat ea makke waard.
It slachskip ôftanke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch hellen de measte marines harren slachskippen yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren of yn 'e 1950-er jierren út 'e feart. De HMS Vanguard wie it lêst oerbleaune Britske slachskip, en waard yn 1960 sloopt. Frankryk en Sweden tanken harren lêste slachskippen ôf yn 1970, en Turkije die itselde yn 1976.
De fjouwer lêste slachskippen yn aktive tsjinst wiene de USS Iowa, de USS New Jersey, de USS Missouri en de USS Wisconsin fan 'e Amerikaanske Marine. Dy waarden nei de Twadde Wrâldoarloch brûkt as platfoarms foar fjoerstipe, wat delkomt op farrende kanonnen. Se waarden ferskate kearen ôftanke en wer yn 'e tsjinst nommen. Alle fjouwer skippen waarden ynset yn 'e Koreaanske Oarloch en de New Jersey tsjinne ek yn 'e Fjetnamoarloch en de Libaneeske Boargeroarloch (1983-1984). De Missouri, dy't bekend stie as "Mighty Mo", en de Wisconsin waarden yn 1991 noch ynset ûnder de Earste Golfoarloch. Neitiid waarden se wer yn 'e motteballen lein en yn 2000 waarden se definityf út it Amerikaanske Marineskipregister skrast. Tsjintwurdich hawwe de Missouri en ferskate oare slachskippen in nije funksje krigen as museumskip.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De term 'slachskip' wurdt yn it Frysk en it Nederlânsk (slagschip) tsjintwurdich benammen brûkt foar in hiel bombidich eksimplaar fan it ien of oar. Sa wurdt in tige grutte auto, lykas in limûsine, wol oantsjut as in slachskip.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further Reading, op dizze side.
|