The Philosopher Kings (roman)
The Philosopher Kings | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jo Walton | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy / science fiction | |
skreaun | 2014/2015 | |
1e publikaasje | 2015, New York | |
oarspr. útjwr. | Tor Books | |
rige | ||
rige | Thessaly-trilogy | |
● foarich diel | The Just City | |
● folgjend diel | Necessity | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 76 53 32 677 |
The Philosopher Kings is in Ingelsktalige fantasyroman fan 'e hân fan 'e Welsk-Kanadeeske skriuwster Jo Walton (1964). De titel betsjut "De Filosofen-Keningen". It is it twadde diel fan 'e Thessaly-trilogy en it ferfolch op The Just City, wêryn't op ûnderhâldende en bytiden hilaryske wize ferhelle waard oer in bizar eksperimint om 'e 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato ta wurklikheid te meitsjen. The Philosopher Kings waard foar it earst publisearre yn juny 2015, by útjouwerij Tor Books yn New York.
Opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as The Just City is The Philosopher Kings skreaun yn it ik-perspektyf. It ferhaal wurdt om bar ferteld út trije eachpunten: dat fan 'e god Apollo; dat fan Arete, de dochter fan Apollo en Simmea; en dat fan Maia, ien fan 'e masters fan 'e Stêd. Dizze trije eachpunten binne oersichtlik faninoar skaat yn ferskillende haadstikken, dy't behalven in nûmer inkeld de namme fan 'e oangeande ik-persoan drage.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it foargeande diel fan 'e rige, The Just City, waard ferteld hoe't de Grykske goadinne Pallas Atene by wize fan eksperimint besocht de 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato ta wurklikheid te meitsjen. Hja brocht 300 filosofen, de 'masters', en goed 10.000 tsienjierrige slaven, de 'bern', mei werom troch de tiid nei de iere Aldheid, ferskate generaasjes foarôfgeande oan 'e Trojaanske Oarloch. Dêr bouden hja mei in grut tal handige robots dy't de goadinne út 'e takomst helle de Stêd op op it diel fan it eilân Teara (of Santorini), dat letter yn 'e Aldheid troch in swiere fulkaanútbarsting yn 'e see ferdwûn en dêrmei de leginde fan Atlantis feroarsake (sadat der neitiid gjin archeologysk bewiis fan 'e stêd wêze soe). Ien fan 'e bern dy't yn 'e Stêd grutbrocht waard, wie de god Apollo, dy't syn macht dellein hie om himsels ta minske ynkarnearje te litten. Hy hope troch as minske te libjen antwurden te finen op guon fraachstikken dy't him as god altyd ûntgien wiene.
Hoewol't de oanwizings fan Plato frij sekuer yn 'e praktyk brocht waarden, die bliken dat de man perfoarst in earsten tinker west hie, mar net folle ferstân hie fan 'e minsklike natuer. Syn ferhefte ideälen en goedbedoelde sosjale oanpassings waarden sadwaande al rillegau ynhelle troch de wjerstribbige praktyk, en úteinlik stoarte syn ideäle maatskippij as in kaartehûs yninoar. In debat tusken Pallas Atene en de wiisgear Sokrates, dy't sysels nei de Stêd ta helle hie, einige dermei dat de goadinne har hannen fan 'e Stêd ôfloek, op twa nei alle robots fuorthelle en doe sels ferdwûn. De gearkomste fan 'e masters en bern foel dêrnei tsierend yn ferskate kampen útinoar, wylst in groep dy't oanfierd waard troch Kebes (of Matthias, sa't syn bertenamme wie) daliks neitiid ien fan 'e beide sylskippen stiel en fuortfear.
The Philosopher Kings iepenet fyftjin jier nei dy foarfallen by wat dan 'it Lêste Debat' neamd wurdt. Yn 'e tuskentiid binne de ynwenners fan 'e Rjochtfeardige Stêd yn fiif groepen útinoar fallen. Fjouwer dêrfan hawwe deunby op itselde eilân harren eigen stêden stifte: Psyche (fan 'e neoplatonisten); Sokrateia (fan 'e sokratisten); Athenia (fan dyjingen dy't fûnen dat Pallas Atene yn it Lêste Debat gelyk hie); en de Stêd fan de Amazônes (fan 'e feministen). De fyfde groep wurdt foarme troch de bewenners fan 'e oarspronklike, 'Restant-Stêd'. En dan binne der fansels noch de folgelingen fan Kebes, dy't fuortsyld binne op it skip de Goedens, en dy't dêrom de Goedens-groep neamd wurde; fan harren hat nimmen sûnt it Lêste Debat noch wat fernommen.
Doe't de Rjochtfeardige Stêd 33 jier earder boud waard, besleaten de masters harren wenplak op te sierjen mei de orizjinele masterwurken op it mêd fan 'e keunst dy't troch de iuwen lyn ferlern gien wiene, mar dy't Pallas Atene foar harren bemachtige. Nei it útinoarfallen fan 'e Stêd behold de Restant-Stêd yn 't earstoan alle keunst, mar al rillegau ûntstiene der wapene konflikten wêrby't boargers fan 'e iene stêd de oare oerfoelen mei it doel om keunstfoarwerpen te rôvjen. Oan it begjin fan The Philopher Kings komt Simmea, de frou fan Pytheas, de minsklike ynkarnaasje fan 'e god Apollo, om by sa'n keunstoerfal. Om't er syn godlike macht dellein hie, kin Pytheas/Apollo har libben net rêde, en om't er tagelyk mei har opgroeid is, sil er har, sels as er syn macht nei de dea fan syn minsklike ynkarnaasje weromnimt, net mear opsykje kinne, om't sels in god net in tiidstip besykje kin dêr't er al bestien hat. Sadwaande is er har no foargoed kwyt, krekt sa't dat by in minske it gefal wêze soe by in stjergefal. Mei't er no ienris Apollo is, giet er mei syn ferlies om op in rasjoneel lykjende wize, mar syn foarlike fyftjinjierrige dochter Arete sjocht wol yn dat har heit troch syn fertriet geastlik alhiel paadbjuster rekket. Dat de wiere identiteit fan Pytheas in geheim is, dêr't inkeld Arete en har âldere healbruorren fan op 'e hichte binne, helpt hjirby ek beslist net.
As er de krappe persoanlike besittings fan syn frou besjocht, fynt Pytheas in skriftlik tsjûgenis fan Simmea, wêryn't se har hiele libben beskriuwt oan it Lêste Debat ta. As er dat lêst, komt Pytheas dingen oer har oan 'e weet dy't er earder nea witten hat, lykas dat har bertenamme eins Lucia wie. Hast oan 'e ein fan it ferhaal komt er lykwols in passaazje tsjin oer de lêste lotterij foarôfgeande oan it Lêste Debat, wêryn't Simmea troch de masinaasjes fan Pallas Atene foar in 'houlik fan ien nacht oan har freon Kebes keppele waard. De egosintryske Kebes koestere al jierrenlang in ûnbeäntwurde leafde foar Simmea, en hy wie sa wis dat sy itselde foar him fielde as hy foar har, dat er har by dy gelegenheid praktysk ferkrêfte. Hoewol't Simmea it net hielendal op dy wize seach, en sy der nei alle gedachten nea gjin wrok oer koestere nei't se Kebes nei ôfrin de wacht oansein hie, grypt de nei stipe taastende Pytheas (dy't nea mei Kebes kinnen hat) dit foarfal yn syn fertriet en rou oer har dea oan as in misdie dy't bestraft wurde moat. Hy oertsjûget himsels derfan dat de ûnbekende ploech dy't de keunstoerfal die, út leden fan 'e Goedens-groep bestien hawwe moat, en pleitet der yn 'e bestjoerskommisjes fan 'e Restant-Stêd hertstochtlik foar dat it iennichste oare skip, de Treflikens, útstjoerd wurde moat om 'e kweadoggers op te spoaren en te straffen.
Uteinlik wurdt it skip yndie útstjoerd, mar mear op in ûntdekkingsreis. Oan board binne Pytheas, syn dochter Arete, syn styfsoan Neleus (de soan fan Simmea) en twa fan syn soannen, Kallikles en Phaedrus; fierders de bemanning fan it skip, in troep soldaten ûnder befel fan Klymene (de mem fan Kallikles, mei wa't Pytheas fan âlds in tige komplisearre relaasje hat) en ferskaten fan 'e masters, wêrûnder Maia, dy't foar it begjin fan Pallas Atene har eksperimint de (fiktive) fiktoriaanske jongfaam Ethel Beecham wie, en de ûnderwilens 99-jierrige Renêssânse-filosoof Marsilio Ficino. It selskip docht ferskate eilannen oan, wêrûnder Delos, it mytyske berte-oard fan Apollo, dêr't Arete, Phaedrus en Kallikles oan lân geane en (as bern fan Apollo) troch te drinken út in hillige boarne bejeftige wurde mei eigen krêften as healgoaden. Arete kin neitiid fleane en frjemde talen sprekke en ferstean; Phaedrus kin minsken genêze en hat kennis oer fulkanen; en Kallikles kin de wjerljocht omleechroppe út in heldere himel.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op Samos ûntdekke de opfarrenden fan 'e Treflikens in delsetting dêr't leden fan 'e Goedens-groep gearlibje mei Grykske oarlochsflechtelingen út Lyts-Aazje. Hja moetsje der ien fan 'e masters dy't nei it Lêste Debat mei Kebes fuortsyld is, Aristomache (dy't earder Ellen Francis Mason wie). Dyselde fertelt dat de Goedens-groep it Grykske heidendom ôfsward hat en weromkeard is nei it kristendom, dat foar alle leden fan 'e groep de oarspronklike godstsjinst wie. Boppedat binne hja begûn om it kristendom te preekjen oan 'e oarlochsflechtelingen, en hawwe se acht ûnderskate delsettings stifte, wêrfan't de stêd Lucia, op it eilân Lesbos, de âldste en grutste is.
Sadwaande sylt de Treflikens fan Samos nei Lesbos, mei oan board ek Aristomache en ferskate oare lju fan 'e delsetting op Samos dy't de oerstek nei Lucia meitsje wolle. Yn Lucia treffe Pytheas en syn bern einlings en te'n lêsten de ferfijde Kebes oan, dy't him no wer Matthias neame lit en de funksje fan kristlik preester útoefenet. Pytheas nimt him te wacht om iten noch drinken oan te nimmen fan 'e Lucianen, sadat er net oan 'e regels fan 'e gastfreonskip bûn is. Hy konfrontearret Kebes mei de dea fan Simmea, en hoewol't al rillegau dúdlik wurdt dat noch Kebes, noch oare leden fan 'e Goedens-groep wat mei de keunstoerfal te krijen hiene, wegeret Pytheas om 'e saak rêste te litten. Hy beskuldiget Kebes der yn it iepenbier fan syn frou ferkrêfte te hawwen, en easket foldwaning. Aristomache, Klymene en oaren besykje it spul del te bêdzjen, mar Kebes noch Pytheas hawwe dêr earen nei. Uteinlik wurdt besletten ta in wedstryd: Pytheas en Kebes sille elk in orizjineel, eigenkomponearre muzykstik hearre litte, en in sjuery gearstald út ynwenners fan Lucia en bemanningsleden fan 'e Treflikens sil dan de winner oanwize. Neitiid mei de winner mei de ferliezer dwaan wat him goedtinkt. Sa wurdt besocht om in fete tusken de Luciaanske delsettings en de Restant-Stêd foar te kommen.
Pytheas, dy't as Apollo de god fan sawol muzyk as poëzij is, hat gjin twifel dat er de wedstryd winne sil. En sa net, en Kebes deadet him, dan kin er einlings syn godlike macht wer opnimme en yn in hânomdraai weromkeare om Kebes in koekje fan eigen daai te jaan. As de wedstryd yn 'e arena fan Lucia foar in grut publyk holden wurdt, sjongt Pytheas in liet mei in drege meldij, wêrby't er himsels mei yngewikkelde akkoarden begeliedt op 'e liere. Kebes, lykwols, komt op 'e lapen mei in panfluit, in ynstrumint dat útfûn wie troch Pallas Atene, en it is in riedsel hoe't hy deroan komt. Mei't Plato fûn dat blaasynstruminten de minske weak makken, wiene sokke ynstruminten yn 'e Rjochtfeardige Stêd ferbean; sadwaande hawwe de lju dêrwei sokke muzyk noch nea earder heard. Boppedat spilet Kebes der sa'n fleurige deuntsje fan swingende ritmes op, dat de minsken har suver betwinge moatte om net op te springen en te dûnsjen. Neitiid freget de sjuery om beide stikken nochris te hearren. Dêrop draait Pytheas de liere op 'e kop, sadat de snaren ferkeard om sitte, en begeliedt himsels dan dochs noch, en boppedat mei de lofterhân, like foutleas as earder mei de goede kant omheech en mei de rjochterhân.
Uteinlik stimt de mearderheid fan 'e sjuery foar it stik fan Pytheas, mar as er dat heart, ropt Kebes lûd "Ferrie!" Dêrop lûke syn oanhingers de wapens en falle de bemanningsleden fan 'e Treflikens oan en ek Lucianen dy't tuskenbeiden besykje te kommen. Arete, dy't de beide swurden fan har heit yn bewarring hat, fljocht dan (letterlik) nei de sjuery ta, in feit dat se wit te fertsjustermoanjen as in ûnbidich grutte sprong, om't har ûnwapene healbroer Neleus dêr oanfallen wurdt. Wylst sy, Neleus en ferskate oaren de oanfallers fan harren ôfslane, besiket ien keardel har fan efteren del te stekken, mar de âlde Marsilio Ficino stapt der kalm tusken en fangt sa it foar Arete bedoelde swurd op. As de oanfallers úteinlik allegear deade binne of har oerjûn hawwe, sjocht Arete dat de âldman oan har fuotten yn 't stjerren leit. Hy sjocht Pytheas, en seit: "Apollo! Fansels!" en stjert foar't Phaedrus, mei syn genêzende jefte, him berikke kin.
Neitiid martelet Pytheas Kebes dea troch him mei syn eigen ark libben te strûpen, in metoade dy't Kebes foar him yn petto hie (en nei't it skynt ek al tapast hat op lju dy't it net mei syn religieuze ideeën iens wiene en dy't er ta ketters ferklearre hie). Pytheas docht dit net om't er der aardichheid oan hat, noch as wraak foar de ferkrêfting fan Simmea, mar om't Kebes de boel bedragen hie. Want, sa bringt Pytheas inkeld oan 'e lêzer út, it muzykstik dat Kebes op 'e panfluit spile, wie hielendal gjin eigen komposysje, mar Summertime, fan Gershwin. Sok plagiaat is anatema foar de god fan 'e skiene keunsten. Kebes ferpoft it lykwols en antwurdzje op 'e flústere fragen fan Pytheas wêr't er syn kennis fan dat muzykstik wei hat.
Letter docht bliken dat de oanhingers fan Kebes ek in wraam op 'e Treflikens dien hawwe, en hoewol't der in sterke wacht oan board efterbleaun wie (mei dêrûnder Kallikles), hie dat wierskynlik net genôch west om 'e oanfal ôf te slaan as der net wjerljocht út in heldere himel kommen wie dy't ferskaten fan 'e oanfallers deasloech. Dit wurdt útlein as it yngripen fan Seus om't Kebes-en-dy it heidendom ôfsward hiene. Nei't Kebes-en-dy de slach ferlern hawwe, kin der mei de Lucianen yn alle ridlikheid oerlein wurde, mei't in protte fan harren har skamje foar it brekken fan 'e gastfreonskip troch Kebes en syn oanhingers.
Der wurdt besletten dat der in Luciaanske delegaasje meifarre sil werom nei de Restant-Stêd. As de reizgers dêr weromkeare, wurkje Pytheas en Maia gear om in konferinsje byinoar te roppen fan fertsjintwurdigers fan alle fiif stêden, û.m. om in ein te meitsjen oan 'e keunstoerfallen. Dan komt oan it ljocht dat de oerfal dy't Simmea it libben koste, útfierd is troch in troep jongerein út 'e Stêd fan 'e Amazônes. As Ikaros (eins Giovanni Pico della Mirandola) as fertsjintwurdiger fan dy stêd it oangeande keunstfoarwerp weromjout, is Pytheas by steat en lit de saak fierders gewurde. Hy set no al syn talinten yn om in bliuwende frede tusken de stêden ûnderling en mei de Lucianen te bewurkmasterjen. Dat slagget, mar in ûnoplosber probleem liket de preking fan it kristendom troch de Lucianen te wêzen, dy't de Grykske Aldheid foargoed feroarje sil, en dêrmei de hiele rin fan 'e skiednis.
Oan Arete giet alle drokte om 'e konferinsje hinne foar in grut part foarby, om't sy ûnderwilens har sechstjinde jierdei belibbe hat en sadwaande no leare moat foar har eksamens om as folwoeksene ta de stedsmienskip talitten te wurden. Nei't se dy eksamens mei goed gefolch ôflein hat, swart se har eed oan 'e Steat op it alter fan 'e oppergod Seus. Nimmen hat lykwols beseft wat der barre sil as in healgoadinne (wat Arete no is) soks docht. De ein fan har eed sprekt Arete út yn it skaad fan wat se in wolk tinkt; as se opsjocht, docht bliken dat it gjin wolk is, mar it stânbyld fan Seus, dat fan 't plak kommen is en no rjocht foar har stiet; dan beseft se dat it gjin stânbyld, mar Seus sels, dy't op har delsjocht mei de begroeting "Pakesizzer." Troch tadwaan fan 'e oppergod befynt Arete har neitiid mei har heit, har healbruorren Kallikles, Phaedrus, Neleus, Euklides en Porphyrius, Pallas Atene, Ikaros en Maia op 'e berch de Olympus, dêr't Seus, dy't him ûnbewust wie fan Pallas Atene har eksperimint oant Arete syn oandacht loek mei har eed, alhiel net oangenaam ferrast blykt te wêzen.
Seus lit it yn him omgean om 'e minsken dy't Pallas Atene sa eigenmachtich nei de iere Aldheid ferpleatst hat en de beskaving dy't se dêr stifte hawwe, mar hielendal te ferdylgjen, mar Apollo smeket syn heit om dat net te dwaan. Dan komt Porphyrius, dy't nea Delos besocht hat mar op 'e Olympus dochs syn eigen (profetyske) krêften as healgod ûntdekt, mei de oplossing om 'e fiif Platoanyske en acht Luciaanske stêden oer te bringen nei de fiere takomst, nei in plak yn 'e tiid krekt foar't de Ierde troch de ûntwikkeling fan flugger-as-ljochtreizgjen wer yn kontakt komt mei in grut tal minsklike koloanjes op oare planeten dy't dêr stifte binne yn it tiidrek dat romtereizen stadiger as ljocht giene. In protte fan dy koloanjes hawwe har tsjin dy tiid yn hiel aparte rjochtings ûntjûn, en de Platoanyske-Luciaanske beskaving kin maklik foar sa'nent trochgean.
Hoewol't Seus net almachtich is, om't alle goaden bûn binne oan it lot en de needsaak en de beheinings dy't de tiid oan har opleit, draait er syn hân net om foar it ferpleatsen fan trettjin stêden mei alle ynwenners en tabehearren fan 'e iene planeet nei de oare. Yn in epilooch fertelt Apollo hoe't it fierder giet. De nije planeet komt fansels Plato te hjitten, en mei nije robots om it swiere wurk op te knappen ûntjout de beskaving him dêr fluch. Maia wurdt konsul fan 'e Restant-Stêd en tsjinnet trijeris as earste konsul fan 'e planetêre Senaat fan Plato. Nei har dea wurdt hja opfolge troch Neleus, wylst de oare bern fan Apollo in nij panteön foar de nije wrâld foarmje. As de koloanje ûntdutsen wurdt troch bûtenierdske wêzens, hat Arete einlik wat oan har fermogen om frjemde talen te ferstean. Tsjin 'e tiid dat de earste skippen fan 'e Ierde Plato berikke, is de minsklike koloanje djip behelle yn in konfederaasje mei de bûtenierdsen, wêrfan't dan ûnderwilens frijwat oerhelle binne om yn in platoanyske konstekst te stribjen nei rjocht en treflikens.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Resinsint Amal El-Mohtar, dy't tige ûnder de yndruk wie fan Walton har The Just City, hie yn 't earstoan muoite mei it feit dat de skriuwster mei The Philosopher Kings in sprong fan fyftjin jier yn 'e tiid makket. Hoewol't se mei dêrom The Philosopher Kings minder goed fûn as The Just City, ferlear se harsels dochs al rillegau wer yn it ferhaal, en se priizget Walton dan ek om har tagonklike proazastyl.[1] It tydskrift Publishers Weekly skreau dat it Walton mei The Philosopher Kings wûnderwol slagge om sjen te litten dat Plato syn ideeën net yn 'e praktyk te bringen binne, mar fûn ek dat har gebrûk fan godlike krêften, en yn 't bysûnder de deus ex machina oan 'e ein fan it boek, de spanning út 'e roman weisûgde.[2] Kirkus Reviews, dy't minder posityf wie oer The Just City, fûn The Philosopher Kings krekt in stik better. Walton wie hjir neffens Kirkus "dryster, mear op har eigen terrein; de plot en de personaazjes binne riker yn wat begjint as fantasy en dan, krekt foar de ein, ynienen en yntrigearjend fansiden wipt nei science fiction." Hoewol't Kebes neffens Kirkus in iendiminsjonale smjunt bliuwt, hat it rouproses dat Pytheas trochmakket, in moai stik fuortbeitele fan 'e godlike heechmoed dy't Apollo yn The Just City noch karakterisearre.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
De Thessaly-trilogy | |
---|---|
The Just City | The Philosopher Kings | Necessity |