(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Trilogy - Wikipedy Springe nei ynhâld

Trilogy

Ut Wikipedy

In trilogy, fan it Grykske τたうρろーιいおた-, tri- ("trije"), en -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"), is in rige fan trije wurken op it mêd fan 'e skiene keunsten, dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as trije losse mar nau besibbe wurken. Soms wurdt dit wurd ferbastere ta de kontaminaasje 'triology', wat in net-besteand wurd is. Trilogyen komme benammen foar yn 'e literatuer, op it mêd fan 'e film en ek wol oangeande fideospultsjes. Yn 'e skilderkeunst sprekt men yn 'e regel net fan in trilogy, mar fan in trijelûk. Soms wurdt ek yn 'e klassike muzyk wol sprutsen fan in trilogy. Analooch oan in trilogy wurdt in searje fan twa wurken wol in duology neamd, ien fan fjouwer wurken in tetralogy, ien fan fiif wurken in pentalogy, ien fan seis wurken in heksalogy en ien fan sân wurken in heptalogy.

Yn 'e literatuer komme trilogyen frij algemien foar as trijedielige romansearjes, mar se binne benammen wiidferspraat yn 'e literêre sjenres fan 'e fantasy en science fiction. Ien fan 'e bekendste literêre trilogyen is The Lord of the Rings, fan 'e Ingelske fantasy-skriuwer J.R.R. Tolkien, dat útinoar falt yn 'e trije dielen The Fellowship of the Ring, The Two Towers en The Return of the King. Tolkien hie syn magnum opus trouwens yn 'e foarm fan ien lang wurk publisearje wollen, mar syn útjouwer Allen & Unwin oertsjûge him derfan dat it oangeande ferkeap ferstanniger en oangeande kosten foardieliger wie om it boek yn trijen te spjalten. Lykwols hold Tolkien oan syn dea ta fol dat de The Lord of the Rings gjin trilogy wie (wylst it wol deeglik oan 'e definysje foldocht fan in wurk dat yn trije dielen útjûn is).

Oare foarbylden fan literêre trilogyen binne de Thessaly-trilogy fan Jo Walton (besteande út 'e romans The Just City, The Philosopher Kings en Necessity); de Trojaanske trilogy (of Troy-trilogy) fan David Gemmell (Lord of the Silver Bow, Shield of Thunder en Fall of Kings) en de Phèdre-trilogy fan Jacqueline Carey (Kushiel's Dart, Kushiel's Chosen en Kushiel's Avatar). Op it mêd fan 'e film kinne as foarbylden fan in trilogy neamd wurde The Lord of the Rings-filmtrilogy fan regisseur Peter Jackson: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, The Lord of the Rings: The Two Towers en The Lord of the Rings: The Return of the King. In oar foarbyld is de filmtrilogy Trois Couleurs, fan 'e Poalske regisseur Krzysztof Kieślowski, mei de films Trois Couleurs: Bleu, Trois Couleurs: Blanc en Trois Couleurs: Rouge. In foarbyld fan in muzikale trilogy is Trionfi fan Carl Orff.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.