(Translated by https://www.hiragana.jp/)
Kennis - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kennis

Ut Wikipedy
Persoanifikaasje fan kennis yn de Antike Bibleteek fan Selsus yn Efeze (125 AD).

Kennis is dat wat witten en tapast wurdt troch de mins of troch de maatskippij as gehiel. In soad fan de minsklike aktiviteit freget spesifike kennis, ûnderfining en feardichheid.

Der besteane in protte soarten fan kennis fan selskennis oant godskennis, fan fakkennis oant wittenskiplike kennis, fan lannekennis oant talekennis, en fan oanberne kennis oant ûnbetwifelbere kennis.

Tradisjoneel waard kennis benammen beskôge yn de wittenskipsfilosofy.

Yn it deiske libben wurde mei it begryp "kennis" in samling fan útienrinnende saken oantsjutten. It is op it earste plak de bekendheid mei in persoan, saak of ferskynsel. Dit kennen of dizze bekendheid folget út ûnderfining en witten. Mar dit kin ek fêstlein wêze yn in dokumint of abstrakter yn de mienskip oanwêzich wêze. Oars as yn omlizzende lannen tsjutte wy yn it Frysk (en it Nederlânsk) de persoan dy't wy kenne, de freon of kunde, ek oan mei kennis.

Kennis sjogge wy fierders as eat dat spesifyk de mins besitte kin, lykas it witten, de kennis en/of ynformaasje, mar hjirneist ek as in gemoedstastân as it bewustwêzen ofwol it "by kennis wêze".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.