Fenezuëla
| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | Karakas | ||||
Steatsfoarm | Federale Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | bolívar (VEB) | ||||
Tiidsône | UTC -4 | ||||
Nasjonale feestdei | 5 july | ||||
Lânkoade | VEN | ||||
Ynternet | .ve | ||||
Tillefoan | 58 |
Fenezuëla, folút de Bolivariaanske Republyk Fenezuëla is in lân yn it noarden fan Súd-Amearika. De haadstêd is Karakas.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fenezuëla wurdt begrinzge troch:
- De Karibyske See yn it noarden;
- de Atlantyske Oseaan yn it noardeasten;
- Guyana yn it easten;
- Brazylje nei it suden;
- Kolombia yn it westen.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it noardwestigen leit in oaljeryk gebiet, de Marakaibodepreesje meit it 13.600 km2 grutte Marakaibomar. Dat leechlân wurdt begrinzge troch in berchmassyf, de Cordillera de Mérida mei als heechste pyk de "Pico Bolvar". Súdeastlik dêrfan leit it leechlân dêr't de rivier de Orinoko yn de Atlantyske Oseaan útmûnet. It sintrum fan it lân wurdt karakterisearre troch útstrekte flakten, llanos, dy't fan de Kolombiaanske grins trochrinne oant de rivierdelta fan de Orinoko. Yn it suden lizzen it isolearre Heechlân fan Guyana, mei de Angelwetterfal, de heechste wetterfal op 'e wrâld.
Op de Gran Sabana binne in protte tepui's te finen.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It klimaat is tropysk en oer it algemien hiet en wiet, mar yn de heechlannen evenrediger.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kust fan it tsjintwurdige Fenezuëla waard yn 1498 troch Kristoffel Kolumbus ûntdutsen en fierders ûndersocht yn 1499 troch Ojeda en Vespucci. Dizze lêsten joegen it nije gebiet har namme Fenezuëla wat Lyts Feneesje ynhâldt. Fan 1520 ôf festigen de Spanjerts harren en wie it in Spaanske kloanje.
Yn Fenzuëla waard goud fûn en foar de ûntginning fan de goudminen hellen de Spanjers Negerslaven út Afrika. Yn de rin fan de 18e iuw waard ek begûn mei it yn kultuer bringen fan de grûn en ferbouden kofje, kakao en indigo. Yn 1811 waard ûnder lieding fan Francisco de Miranda de ûnôfhinklikheid útroppen, mar pas yn 1821 koe de Fenezolaanske frijheidstrider Simon de Bolivar de Spanjerts foarfêst ferslaan. Yn 1829 makke Fenezuëla har los fan Kolombia en waard in aparte republyk mei José Antonio Paez as earste presidint.
In grut part fan de 19e en 20e iuw waard karakterisearre troch politike ynstabiliteit, diktoriaal bewâld, en revolúsjonêre ûnrêst. Neidat de militêren harren yn 1958 werom lutsen út de nasjonale polityk, sette in nij tiidrek útein mei in demokratysk keazen bestjoer. Yn 1992 fûn in mislearre steatsgreep plak, dy't troch Hugo Chávez organisearre wie. Hy waard finzen set, mar krige al gau syn frijheid wer. Yn 1998 waarden nije ferkiezingens holden dy't troch Chávez wûn waarden.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fenezuëla hat in grut ferskaat oan bewenners. De earste bewenners binne de Yndianen. It grutste part fan de befolking bestiet tsjintwurdich út Mestizos; ôfstammelingen fan Spaanske kolonisten en Yndianen. Fierders hat Fenezuëla ek in grutte befolkingsgroep dy't ôfstammet fan de eardere negerslaven. Dizze groepen krigen tidens ymmigraasjeweagen yn de 20e iuw selskip fan Italianen, Portugezen, Dútsers en oaren. Fan de totale befolking is 69% fan mingd (Jeropeesk-Yndiaanske komôf), 20% Jeropeesk, 9% Afrikaansk, 2% Yndiaansk. Oantal ynwenners 26 miljoen.(2007)
Om-ende-by 85% fan de befolking libbet yn steedlike gebieten yn it noarden fan it lân. Wylst likernôch de helte fan Fenezuëla besuden de Orinoco leit, wennet dêr mar 5% fan de minsken.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal is it Spaansk, yn it kustgebiet benammen Karibysk-Spaansk. Fierders wurde der in protte Yndiaanske talen sprutsen.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Offisjeel is 96% fan de befolking Roomsk-katolyk en 2% Protestantsk
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fenezuëla wurdt de ûntwikkeling fan de lânbou hiel bot stimulearre, produkten dy't in protte ferboud wurde binne rys, katoen en sûkerreid. It grutste part fan de eksport smite lykwols ierdoalje en dêrmei besibbe produkten op.